Waarpraatsje: Rûzige sneon

febrewaris 8, 2019 16:22

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in minne freed krije wy ek in strieminne snein. Sneon sjocht der noch wol aardich út, mar der stiet in flink stik wyn.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der wat opklearringen en kin der ek noch in inkelde bui falle. De súdwestewyn is frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd. It wurdt 6 graden.

Sneon wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. In bui is wis net útsletten. De súdwestewyn wurdt frij kreftich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar stoarmich. Yn it Waatgebiet soe der efkes in stoarm stean kinne. Der is boppedat oeral kâns op swiere wynstjitten. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.

Snein wurdt in wiete dei mei ek in soad wyn.

 

Jan Brinksma

febrewaris 8, 2019 16:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.