Waarpraatsje: Rûzich en ritich

febrewaris 7, 2019 17:26

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei dochs noch in hiel wol kreaze dei. Der stie wol in stik wyn. It bliuwt foarearst ritich.

Yn ’e nacht fan tongersdei op freed  binne der opklearringen, mar der kin ek in inkelde bui falle. Letter yn ’e nacht rekket de loft berûn. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns  krêftich. It wurdt 5 graden.

Freed is de loft berûn en kin it sa út en troch reine. De sude- oant súdwestewyn hellet oan en wurdt frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd oant stoarmich. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.

Yn it wykein is it ek rûzich en ritich, mar wol oan de mylde kant.

Jan Brinksma

febrewaris 7, 2019 17:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.