Waarpraatsje: Oergong nei stabyl waar

febrewaris 10, 2019 20:24

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige minne snein sjocht it waar der yn de nije wike in hiel stik better út.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei kin it earst noch wat reine, mar letter wurdt it drûch en binne der flinke opklearringen. Yn ‘e rin fan de nacht rekket de loft op ‘e nij berûn en soe der wat storein falle kinne. De noardwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Moandei is de loft earst berûn en kin it noch wat reine. Letter is de sinne grif ek te sjen. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

Fan tiisdei ôf bliuwt it in hiel skoft drûch en geandewei de wike sille wy de sinne hieltyd mear sjen. Oerdei is it myld mar de nachten binne oan ’e kâlde kant.

Jan Brinksma

febrewaris 10, 2019 20:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.