Waarpraatsje: Noch in pear dagen kwakkelich

febrewaris 2, 2019 19:04

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze sneon sjocht it der foar snein ek goed út.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein is de loft berûn, mar der binne ek inkelde opklearringen. In wintersk buike is net hielendal útsletten. Op guon plakken kin damp ûnstean. By in swakke oant matige noardwestewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Snein is de loft berûn en kin it op guon plakken earst noch dampich wêze. Letter sjogge wy, nei alle gedachten, de sinne ek noch wol efkes. In buike is net hielendal útsletten. De wyn komt út it noardwesten en is matich. Letter giet de wyn nei it westen oant súdwesten en wurdt er swak. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Yn ‘e nije wike wurdt it stadichoan mylder.

Warskôging: Troch befriezing fan wiete diken kin it op guon plakken glêd wurde.

 

Jan Brinksma

febrewaris 2, 2019 19:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.