Waarpraatsje: moandei oergongsdei

febrewaris 3, 2019 19:37

De pont by Langwar. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze snein wurdt it takomme wike in stik mylder, mar moandei is it noch kâld.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder. Yn it noardlik part fan Fryslân soe de loft berûn reitsje kinne en is wat rein of wiete snie net hielendal útsletten. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns krêftich. Op de measte plakken friest it in bytsje.

Moandei rekket de loft berûn en letter op ‘e dei sil it reine. Miskien falt der earst ek wol wat wiete snie. De sudewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt in graad as 3.

Fan tiisdei ôf wurdt it in stik mylder. It winterske waar komt foarearst net werom.

Jan Brinksma

febrewaris 3, 2019 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.