Waarpraatsje: ‘Maitiid’ docht stapke tebek

febrewaris 18, 2019 19:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei al wer in hiel kreaze dei, wurdt it tiisdei en woansdei efkes wat minder moai.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft berûn en letter kin it wat reine. De wyn giet yn ‘e rin fan ‘e  nacht fan it súdwesten nei it westen en is swak oant matich. By de kust lâns wurdt de wyn frij krêftich. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Tiisdei is de loft berûn en op guon plakken kin der in buike falle. Letter is in glimp fan de sinne net útsletten. By in matige, by de kust lâns frij krêftige, weste- oant súdwestewyn wurdt it 8 graden.

Woansdei sjogge wy de sinne ek net al te folle. Der soe op ‘e nij wat rein falle kinne, mar in soad sil it net wêze. Letter yn ‘e wike wurdt it wer mylder en is der mear sinne.

Jan Brinksma

febrewaris 18, 2019 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.