Waarpraatsje: Maitiid

febrewaris 22, 2019 18:37

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze freed, sjocht it der foar it wykein poerbêst út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der hieltyd mear opklearringen. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit in pear graden boppe it friespunt.

Sneon skynt de sinne de hiele dei. By in matige súdeastewyn wurdt it 10 graden. Yn ’e nacht fan sneon op snein soe it in graadsje frieze kinne.

Snein feroaret der hast neat oan it strieljende waar. De sinne skynt wer de hiele dei en it wurdt op ’e nij om de 10 graden hinne.

Takomme wike bliuwt it rêstich maitiidswaar. It wurdt dan noch wat mylder.

Jan Brinksma

febrewaris 22, 2019 18:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.