Waarpraatsje: kreas

febrewaris 11, 2019 18:47

Foto © Jan Brinksma, De toer fan Westermar (De Jouwer)

DE JOUWER – Nei in moaie moandei bliuwt it foarearst kreas en (frij) myld waar.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De wyn giet nei it westen en wurdt swak oant matich. De temperatuer leit mar krekt boppe it friespunt.

Tiisdei wikselje bewolking en opklearringen inoar op ’e nij ôf. In hiel lyts bytsje rein is net hielendal útsletten. By in swakke oant matige weste- oant súdwestewyn wurdt it 7 graden.

Fan woansdei ôf bliuwt it drûch. It wurdt stadichoan noch wat mylder en letter yn ’e wike sjogge wy de sinne hieltyd mear. Suver al in bytsje maitiidseftich.

Jan Brinksma

febrewaris 11, 2019 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.