Waarpraatsje: Ferreinde snein

febrewaris 9, 2019 19:07

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige rûzige sneon krije wy in snein dy’t folslein ferreine sil. Takomme wike wurdt it better.

Yn ’e nacht fan sneon op snein rekket de loft berûn en letter kin it reine. De wyn giet fan it suden nei it súdwesten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar earst noch frij krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Snein reint it in hiel skoft. De swakke oant matige wyn komt út ferskate rjochtingen. Letter wurdt de wyn noardwest en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 9 graden.

Fan moandei ôf wurdt it rêstiger en is it in tal dagen drûch. It bliuwt frij myld foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

febrewaris 9, 2019 19:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.