Utslach Frysk Damjen twadde iepen Waadhoeketoernoai FRYSK!

febrewaris 27, 2019 10:24

It Twadde Iepen Waadhoeketoernoai FRYSK! foar basisskoallen (13 dielnimmers, 4 skoallen) is wûn troch Aniek Koopmans út Wytmarsum. Hja helle 4½ punt út 6 spullen, lykas Chiara Zwerver út Wommels. De beide froulju spilen in alderyslikst spannend spul om it masterskip. Aniek kaam rillegau better te stean, mar Chiara wrotte troch nei daam. Aniek like de gryp op it spul eefkes kwyt te reitsjen, mar skuorde de kop der wer goed by en makke mei in fraaie slachset it spul út.

Foto: Marten Walinga/WFD

Einstân:
1-2 Chiara Zwerver (Fûnemint Wommels), Aniek Koopmans (Sintmaartenschool Boalsert): 4½ punt – beslissingspartij Chiara-Aniek 0-1

3-4 Janke Delea (Wommels), Lars Salverda (OBS De Steven, Franeker) 4 punten
5-6 Tsjeard Bron (Boalsert), Teije Stor (Boalsert) 3½ punt
7-10 Jurre Spijksma (Boalsert), Jelmer Eijzenga (Staetlânsskoalle Tsjom), Jack Koopmans (Frjentsjer), Hendrika van der Eems (Wommels) 3 punten
11 Jitze Draaisma (Frjentsjer) 2½ punt
12 Louise Hoekstra (Frjentsjer) 2 punten
13 Kimberly Engbrenghof (Frjentsjer) 1½ punt

febrewaris 27, 2019 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.