Twirre – in sûne Waadrâne foar moarn

febrewaris 18, 2019 16:04

De ynwenners fan de gemeente Noardeast Fryslân wurde útnûge om op 13 maart yn de Teatertsjerke Nes mei-inoar aksjes te betinken en út te fieren foar in sûnere wenkrite en om dy troch bioferskaat moaier te meitsjen.

Foto: Kollektyf Waadrâne

De wurkgroep Twirre ferwachtet op dy gearsit boargers, ferieningen, doarpsbelangen, ûndernemers, skoallen, boeren en oaren dy’t dêr belangsteling foar hawwe. Se krije dêr ynspyrearjende foarbylden te sjen en geane mei in húswurkopdracht wer nei hûs ta. By dy opdrachten giet it derom om bewuster mei  de eigen krite om te gean en sels de hannen út ’e mouwen te stekken.  De wurkgroep is derfan oertsjûge dat as elkenien wat docht, dat grutte gefolgen hawwe sil. Sa kin in bydrage levere wurde oan de maatskiplike winsk om ta mear bioferskaat te kommen. De ynwenners sille it sels dwaan moatte. Alle inisjativen wurde fêstlein en wurde in oare kear besprutsen.

De wurkgroep wurdt foarme troch Anke Bijlsma (kultureel ûndernimmer), Klaaske de Groot-Schapenhouder (projektmeiwurker Waadrâne en dosint grien ûnderwiis), Hans Kroodsma  (boer en foarsitter Agrarysk Kollectyf Waadrâne), Wim Hiemstra (foar de Provinsje) en Wini Weidenaar (ûndernimmer). De wurkgroep wurket gear mei it Agrarysk Kollectyf Waadrâne.

De gearsit begjin om 19.00 oere (ynrin). Wa’t meidwaan wol moat him/har oanmelde op www.twirredochmei.nl.

febrewaris 18, 2019 16:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.