Twa histoaryske Fryske stripboeken

febrewaris 4, 2019 22:55

Wa’t op in ferdivedearjende wize wat mear leare wol oer de Fryske skiednis, falt mei it gat yn ’e bûter. Freed binne nammentlik twa histoaryske stripboeken ferskynd: Fete en De striid fan Grutte Pier. Yn Museum Dokkum is in útstalling oer de beide boeken te sjen.

Fete is makke troch Skelte Siweris Braaksma, mei Oebele Vries as histoarysk adviseur. It stripboek beskriuwt de Grutte Fryske Oarloch fan 1413 oant en mei 1422. Eins wie dat de fûlste útbarsting fan de striid tusken Skieringers en Fetkeapers, twa partijen dy’t yn it midsieuske Fryslân om ûndúdlike reden al tige lang in fete hiene, dy’t fan tiid ta tiid oplôge. It Frysktalige boek befettet foar it grutste part swart-wyttekenings. It is útjûn troch de Afûk.

De striid fan Grutte Pier fan Richard Bos, Alexander Russchen en Henk Wolf spilet justjes letter, sa om 1500 hinne, as de Skieringers en de Fetkeapers foar de tredde kear deilis reitsje. It boek mei kleureprinten beskriuwt it libben fan Pier Gerlofs Donia (Grutte Pier). It lit sjen wêrom’t Pier sa it grou op Hollanners hie en wêrom’t er nei in lange striid sa teloarsteld wie. De útjouwer is Wijdemeer. Neist de Frysktalige ferzje is der ek in Nederlânsktalige De strijd van Grutte Pier te keap.

De útstalling yn Museum Dokkum duorret oant 20 april.Klik hjir foar mear ynformaasje.

febrewaris 4, 2019 22:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.