Tredde bestelomgong New York-boek Akkrum

febrewaris 11, 2019 11:25

De tredde bestelomgong foar it betinkingsboek oer de Akkrumer New York-dagen yn juny 2018 giet los. It neislachwurk fan 256 siden mei hurd omkaft, mear as tûzen foto’s en in hiele protte ferhalen leveret in soad entûsjaste reaksjes op. “In protte minsken hawwe it boek by oaren ynsjoen en beslute om in eigen eksimplaar te bestellen.”

Foto: Persbureau Noordoost/Alex J. de Haan

It New York-boek hat in ekstra grut formaat en stiet bomfol ferhalen en foto’s oer de twa wykeinen, dêry’t ynsjoch yn jûn waard yn de wrâld fan Folkert Cooper. De berne Akkrumer emigrearre ein njoggentjinde iuw as Folkert Kuipers nei Amearika en waard dêr as sakeman stienryk. It doetiidske grutste warehûs op ’e wrâld, dat er yn 1896 oan Sixth Avenue iepene, waard yn de New York-dagen yn syn berteplak op skaal neiboud.

It boek fan Paul Hettinga en Alex J. de Haan beskriuwt hoe’t sa’n fiifhûndert akteurs, figuranten en frijwilligers moannen yn tou wiene om yn de twa wykeinen in enoarm evenemint del te setten as ûnderdiel fan de Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018. It New York-boek jout in wiidweidige beskriuwing fan it fjouwer dagen duorjende evemenint.

Wa’t der nijsgjirrich nei is kin in eksimplaar fan it tsjokke kofjetafelboek bestelle op www.noordoost.nl/mmatf.

febrewaris 11, 2019 11:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.