Topsifers foar Omrop Fryslân mei grut tal reaksjes

febrewaris 17, 2019 09:29

De Wrâldradiodei op woansdei 13 febrewaris en de weromblik op de sniewinter fan ’79 hawwe dizze wike soarge foar in stoarmfloed oan reaksjes by Omrop Fryslân. Earder dizze wike waard al manmachtich reagearre op de livestream dêr’t Pyt Paulusma yn lokwinske waard mei syn 25-jierrich jubileum. Yn totaal kamen hast tûzen reaksjes yn oer Wrâldradiodei en de sniewinter fan ’79. Fryslân hat dizze wike massaal ôfstimd op Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Op Wrâldradiodei waard goed dúdlik dat radio der noch hieltyd ta docht as medium. Harkers lieten fia persoanlike ferhalen witte wêrom’t sy Omrop Fryslân sa wurdearje. Sa seit Steven Alkema (26) út Harns: “Ik hoech net te witten wat der yn Seelân bart. Dat ynteressearret my net sa. En de lanlike stjoerders pakke it gemiddelde waar fan Nederlân; de Omrop konsintrearret him op it waar fan hjir. Op dy wize bliuw ik goed op ‘e hichte.”

Fia de app en sms kamen flink wat berjochten yn. Gerry liet witte dat sy gjin dei sûnder kin: “Sels as ik by myn dochter yn Utert bin, sjoch en hear ik nei de Omrop. Tank foar de prachtige, nijsgjirrige, ynformative en gesellige programma’s.” Willem liet witte dat radio syn grutte freon is: “Omrop Fryslân stiet op ien! Ik kin gjin dei sûnder en de Omrop groeit ek mei de tiid mei. Dêr proaste we op!”

Tongersdei 14 febrewaris wie it fjirtich jier nei de earste dei fan de ferneamde sniewinter fan ‘79. Op Omrop Fryslân wie dêr de hiele dei omtinken foar. Yn totaal kamen hast tûzen reaksjes yn op de redaksje. Sa liet Hennie witte: “Ik lei mei de sniewinter yn it sikehûs Triotel. Wy hiene de hiele dei Omrop Fryslân op de radio. Troch alle hektyk krigen wy gjin bêdeguod mear en wie de molke allinnich noch mar foar de kreamfroulju. Alle besite kaam op de slide nei it sikehûs.”

febrewaris 17, 2019 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.