Toernoaiboekje Fryslân Open 2019 op ynternet

febrewaris 26, 2019 11:25

Hjoed is yn Frjentsjer it toernoai Fryslân Open 2019 begûn. Sjoch dêrfoar ek dit berjocht fan It Nijs.

It toernoaiboekje dat dêrby heart is wilens op it ynternet te besjen. Sa kin elkenien op ’e hichte komme fan de gegevens fan alle spilers, tiden en plakken fan alle toernoaien, nije histoaryske ynformaasje en omtinken foar it jubileum fan de Stifting WFD.

It boekje is yn te sjen troch hjir te klikken. Dêr is de foarkant fan it boekje mei trije dammers yn in kafee te sjen. Yn ’e rjochterboppehoeke fan dat plaatsje sit in knop mei fjouwer pylkjes om it fergrutte wer te jaan. Nei op dy knop te klikken, kin men it hiele boekje trochblêdzje.

febrewaris 26, 2019 11:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.