Stichting Cambuur Verbindt lûkt trije ambassadeurs oan

febrewaris 1, 2019 16:13

Om ‘Cambuur Verbindt’ noch better skoare te litten is de stichting in relaasje oangien mei trije ambassadeurs: Ferd Crone (boargemaster fan Ljouwer), Wander Blaauw (direkteur Alrijne sikenhuzen) en Bote Galama (foarsitter Commerciële Club Leeuwarden). Njonken it útdragen fan de doelstellingen fan Cambuur Verbindt kinne de ambassadeurs ek ynset wurde by de útfiering fan de maatskiplike projekten.

Cambuur Verbindt is in maatskiplike stichting dy’t him al fiif jier ynset foar minsken dy’t in steuntsje yn ’e rêch goed brûke kinne. Dat bart mei in grut tal projekten dy’t Sûnens, Talintûntwikkeling en Yntegraasjetie & Leefberheid fal. Dêr wurdt gebrûk by makke fan de fasiliteiten fan de BVO SC Cambuur (spilers, ynfrastruktuer, stadion) en gearwurke mei ferskate organisaasjes yn de gemeente Ljouwert. Cambuur Verbindt wurdt finansjeel stipe troch partners en freonen.

Cambuur Verbindt organisearret ûnder mear CambuurT Voetbal, OldStars, Scoren Voor Gezondheid, Playing For Success, Cambeurs, Nederlânske Les foar allochtoane froulju en stipet ûnderskate goede doelen lykas it Jeugdfûns Sport. Alle projekten wurde oanstjoerd troch Karin Smit.

febrewaris 1, 2019 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.