Sjueryleden Gysbert Japicxpriis beneamd

febrewaris 4, 2019 19:07

Gysbert Japicx

Grytsje Schaaf, Houkje Rypstra en Atte Jongstra binne troch Deputearre Steaten beneamd as sjuerylid foar de Gysbert Japicxpriis 2019. De priis wurdt fan ’t hjerst yn de Martinitsjerke fan Boalsert útrikt.

De Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer wurdt troch de provinsje ienris yn de twa jier útrikt. It iene jier foar proaza en de oare kear foar poëzy. Yn 2019 beoardielet de sjuery Fryske proaza út it tiidrek 2015 – 2018. De sjueryleden binne frege as sjuerylid om harren kennis en kunde, elk mei in oar perspektyf. De sjuery bringt in advys út oan Deputearre Steaten oer de winner fan de Gysbert Japicxpriis.

Grytsje Schaaf
Grytsje Schaaf is arsjitekt, dichter en keunstner. Se studearre arsjitektuer yn Delft en wurket as dosint Boukunde by NHL Stenden. Se publisearret geregeld har gedichten en jout foardrachten, wêrby’t se har poëzy gauris kombinearret mei klanklânskippen en performance. De ôfrûne jierren wurke se mei ferskate keunstners, dichters en muzikanten yn it kollektyf Tsjinlûd.

Houkje Rijpstra
Houkje Rijpstra is algemien direkteur fan de Vereniging Circulair Friesland. Boppedat is se lid fan de Ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy en Sport Fryslân. Yn 2004 hat se op de Rijksuniversiteit Groningen de master Fryske taal- en Letterkunde helle. Houkje Rijpstra wie fan 2006 oant 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel.

Atte Jongstra
Atte Jongstra is in skriuwer en essayist en dêrneist resinsint foar NRC Handelsblad. Jongstra studearre Nederlânsk oan de Universiteit van Amsterdam. Yn 1985 debutearre hy mei De Multatulianen. Foar syn ferhalebondel De psychologie van de zwavel krige hy in 1989 de Geertjan Lubberhuizenprijs. Yn 1998 waard him foar syn essaybundel Familieportret de J. Greshoffprijs takend. Yn 2016 waard him de Constantijn Huygensprijs takend.

febrewaris 4, 2019 19:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.