Sjueryleden Gerrit Bennerpriis beneamd

febrewaris 20, 2019 12:07

Foar de Gerrit Bennerpriis dy’t op 13 septimber útrikt wurde sil, bestiet de sjuery út fiif saakkundigen. Dat binne Mariette Dölle, Toos Arends en Rudy Hodel (alle trije keunsthistoarikus) Yasmijn Jarram, freelance keunstkritikus en kurator en Hans van Bentum, (ynter)nasjonaal bekend keunstner.

De twajierlikse priis is yn it libben roppen troch de provinsje Fryslân om it omtinken foar de byldzjende keunst grutter te meitsjen. De organisaasje is yn hannen fan Keunstwurk.

De skilder Gerrit Benner (Ljouwert 1897 – Nijemardum 1981) wie de ferneamdste lânskipsskilder fan de 20e iuw. Syn wurk is bekend yn binnen- en bûtenlân en bekroand mei belangrike prizen. De wrâld dy’t Benner skildere wie in dreamerige mearkewrâld mei kij, hynders, lân, wetter en wolken. Benner, oplaat as hússkilder, wie autodidakt en ûntjoech him ta in keunstskilder fan ynternasjonale alluere. Wurk fan Gerrit Benner is yn it Fries Museum te sjen.

febrewaris 20, 2019 12:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.