Simone Djurrema: Aventoeren yn ’e snie

febrewaris 16, 2019 20:00

Kollum

Wy hawwe wer fan alles meimakke sûnt de lêste kollum.

Yn it foarste plak wie de kachel noch lang net klear doe’t de snie kaam. Hindrik en ik leine wat op ’e bank mei de telefyzje oan. Hindrik wie yn ’e sliep fallen en ik miende dat ik ien bûtendoar balten hearde, mar it wie net goed te hearren mei ­– noch hieltyd – de waarmtepomp én de elektryske kachel oan te blazen. It hearde wol sa raar dat ik oerein fleach en de stekker derút luts. Hindrik skrok wekker en grommele wat dat ik him net sa rimpen wekker meitsje moast en yn myn skrik rôp ik: “Atst moarn dyn dochter dea yn ’e tún fynst, hearre we dat dan wol!!!” Doe hearde Hindrik de gjalp ek en it hearde krekt as wie it ús famke. Jimme hawwe noch nea twa minsken sa hurd oerein fleanen sjoen!

Ik raamde de foardoar iepen en hearde noch neat, want it bûtendiel fan de waarmtepomp stiet te draaien en ik rôp (sis mar âle; wa’t my ken begrypt it fuortdaliks) om Ellen, mar gjin antwurd. Wy pakten de earste skuon en jassen dy’t ús foar de hannen kamen en fleagen nei bûten, troch de snie oer it hiem nei de skuorre, dêr’t se har appartemint hat. Ik wie ynienen net bang mear yn it tsjuster. Doe’t we oankloppen (sis mar, op ’e doar omraamden) en stiene te razen (ik dan, Hindrik is wat rêstiger as ik) krigen we in rêstich: “Wat is der?” te hearren. Se wie gewoan thús en hie neat bûtengewoans heard. It hert jage my noch hieltyd. Dêr hie blykber wer ien of oar bist yn ’e bosk ús by de poat hân. Ik seach lêsten trije foksen. Twa derfan liken mei-inoar te fjochtsjen. De tredde sil wol in wyfke west hawwe. Miskien hat dy wol oan it roppen west.

De moandeis derop begûn it noch mear te snijen, prachtich! Ik haw de grutte auto mei fjouwertsiloandriuwing efkes foarsichtich test by de buorman. Dy hat in moai stikje dêr’t hast in heal meterke lei. De snie fleach troch de loft! Machtich!

foto © Simone Djurrema

De freeds waard it minder, foaral op ’e diken wie it eins net sa moai. De snie waait allegearre op bulten en dat giet sa hurd dat der net tsjin te skowen falt. Oan ’e ein fan ’e middei kaam ik werom út Mellerud en hie krekt fan alles ‘oerlibbe’ ûnderweis. Der stiene ferskillende auto’s fêst yn ’e snie, mar ik wie der hast! Twintich meter fan ús hûs ôf misten de oranje prikkers dy’t oanjouwe wer’t de wei is. Ik koe werklik net iens mear sjen wêr’t ik in oere dêrfoar del riden wie, dat ik wie letterlik de wei kwyt. Ik fielde de auto gean en doe siet ik ek al fêst! De berm wie krekt sa djip dat de fjouwertsiloandriuwing neat mear dwaan koe Ik hie help nedich. Dêr hiene we de jûns gjin sin mear oan dat myn Volvo mocht in nachtsje bûten sliepe. De oare deis hat in freon mei de trekker holpen, samar klear!

Salang’t de auto net stikken is en, o ja, wysels gjin skea hawwe, fyn ik it allegearre ien grut aventoer! Even fêst yn ’e snie sit ik dus ik echt net mei. As it mar net te faak is.

Ik leau dat de kachel de 31ste jannewaris earst brâne koe, en doe wie noch net alles derop oansletten en wie er noch net iens keurd troch de skoarstienfeier. De temperatueren wiene net sa noflik, dat wy fregen de man dy’t him levere hie wat it slimste wie dat barre koe as we him oandiene foar de kontrôle: de skoarstienfeier soe it net sa moai fine. Wy hiene sa skjin ús nocht fan alles, alles is werklik mis gien wat mar mis gean koe. It hat sa allemachtich lang duorre, dat jimme kinne wol neigean dat wy dy jûn begûn binne te stoken. Hearlik! Wat in waarmte! Juster hat de ynstallateur de lêste liedingen foar it waarme wetter oansletten. Dat it hat al mei al hast twa moanne duorre ear’t we wer waarmte hiene en mear as twa en in heal ear’t alles oansletten wie. O nee, dochs net, de termostaat moat der noch op…

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
febrewaris 16, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.