Shortlist Grote Poëzieprijs 2019 telt trije poëzijdebuten

febrewaris 17, 2019 08:59 Fernijd

Nachtboot, Habitus, Stalker, Het woedeboek, Genadeklap en Onze kinderjaren bêste bondels fan it jier

De bêste Nederlânsktalige dichtbondels fan it ôfrûne jier binne dy fan Maria Barnas, Joost Decorte, Radna Fabias, Roelof ten Napel, Willem Jan Otten en Xavier Roelens. Net fiif mar seis bondels waarden troch de sjuery nominearre foar de earste edysje fan De Grote Poëzijprijs dy’t op 16 juny oansteande by it 50e Poetry International Festival útrikt wurde sil.

De sjueryleden Yra van Dijk en Joost Baars – winner fan de lêste VSB Poëzieprijs – makket de shortlist, mei dêrop ek trije debuten, bekend by de feestlike finale fan de Turing Gedichtewedstriid op 6 febrewaris yn de Rode Hoed. Adriaan van Dis, Cindy Kerseborn en Maud Vanhauwaert meitsje ek diel út fan de sjuery. Fanwege de ferlinge perioade dêr’t oer sjurearre wurdt, it grut tal fan 150 ynstjoerings en de oantroffen kwaliteit, is it de sjuery gund net fiif mar seis bondels in plak op de shortlist te jaan.

De nominearre dichters fertsjinnen har plak op de shortlist mei de neikommende bondels:

Nachtboot – Maria Barnas, ferskynd by Van Oorschot
Stalker – Joost Decorte, ferskynd by Poëziecentrum
Habitus – Radna Fabias, ferskynd by De Arbeiderspers
Het woedeboek – Roelof ten Napel, ferskynd by Hollands Diep
Genadeklap – Willem Jan Otten, ferskynd by Van Oorschot
Onze kinderjaren – Xavier Roelens, ferskynd by Atlas Contact

150 dichtbondels krige de sjuery te beoardieljen. Net allinnich it enoarme oantal mar ek it oantal goede bondels foel op. De Grote Poëzijprijs bekroant de bêste Nederlânsktalige bondel fan it jier mei in jildbedrach fan € 25.000,-. Op wei nei de útrikking yn juny presintearret De Grote Poëzijprijs ferskate programma’s om omtinken te freegjen foar de bêste Nederlânsktalige poëzij fan it momint en aktuele ûntwikkelingen yn de steat fan de Nederlânsktalige poëzij.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.poezieprijs.nl.

febrewaris 17, 2019 08:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.