Rysterbosk klear foar de takomst

febrewaris 28, 2019 08:01

Foto © Jan Schram

Mei it plantsjen fan de lêste 125 nije simmeriken is de Inkhuzerleane yn de Rysterbosk foar it grutste part fernijd troch it ferfangen fan âlde beammen. Sûnt 2015 wie It Fryske Gea dêr mei grut ûnderhâld dwaande. Dat wie nedich, mei’t fan de âlde beammen, dy’t sa’n hûndert oant hûndertfyftich jier lyn plante wiene, hieltyd mear beswykten. Ferantwurdlik natuerbehearder It Fryske Gea sjocht it belang yn fan de natuerwearden en it kultuerhistoarysk belang.

By it lêste part fan de fernijing gie it om simmeriken. In oar part fan de Inkhuzerleane hat bûkebeammen. Sa’n mingeling fan soarten jout in goed bioferskaat. De beammen binne sa better opwoeksen tsjin sykten en de minsken belibje sa ek mear wille oan de bosk. Beide soarten binne lânseigen en dogge it goed op de sânige grûn fan de Rysterbosk. It hiele paad is opknapt mei sân út de eigen krite.

febrewaris 28, 2019 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.