Ruud van Empel – Making Nature yn Museum Belvédère
Resint ferskynd
Te sjen oant en mei 26 maaie 2019
Fotograaf en byldzjend keunstner Ruud van Empel (1958) is wrâldferneamd wurden mei syn fiktive berneportretten yn paradyslike omjouwings. Yn syn nijste fotowurken is de minske net mear oanwêzich, mar rjochtet er him folslein op de natuer. Dy resinte wurken binne oant en mei 26 maaie 2019 te sjen yn Museum Belvédère. Sneon 9 febrewaris waard de eksposyje iepene troch mr. Peter Plasman, advokaat en keunstsamler.
De fotowurken dy’t yn Ruud van Empel – Making Nature te sjen binne, bestean út soarchfâldich komponearre ‘kompjûterkollaazjes’ dêr’t de natuer – beammen, planten en blommen – ta gloedfolle skjintme yn opswypke wurde. Lykas ek yn syn eardere searjes binne de natuerwurken nei de realiteit modellearre, mar tagelyk ek trochkrongen fan in heimsinnige sfear en ferfrjemding. Mei har gefoel foar skjintme passe se yn in romantyske tradysje, mar der slommeret yn de wurken ek altyd in gefoel fan ûnbehagen. By alle fabeleftige firtuositeit, dêr’t de natuerbylden mei gearstald binne, bliuwt dúdlik it bewustwêzen dat it net ‘echt’ is.
Dy dûbelsinnichheid komt ek ta utering yn de titel fan de útstalling: Making Nature. Yn it boek dat by de útstalling ferskynt, skriuwt keunsthistoarikus Ruud Schenk: “Foar wa’t Van Empels wurkwize ken, sil de ferwizing nei de ‘komposysje’ dúdlik wêze: de troch himsels ûntwikkele, ta grutte hichte opfierde, digitale kollaazjetechnyk, dêr’t lytse fragminten út (ek altyd troch himsels makke) foto’s ‘knipt’ wurde en naadleas ta nije bylden gearfoege. Fan wat hearskjende moade is yn de keunstwrâld hat Van Empel him nea in protte oanlûke wollen en hy hat sawol wat foarm as wat ynhâld oanbelanget syn eigen wei keazen. It makket Van Empel ta de komponist fan syn folslein eigen fisuele symfonyen, sonates en nokturnen.”
By de útstalling ferskynt it boek Ruud van Empel – Making Nature mei in ynlieding fan Han Steenbruggen en in essee fan Ruud Schenk. It wurk fan Ruud van Empel is te sjen yn ynternasjonaal toanoanjaande musea, yn in protte bedriuwskolleksjes en partikuliere samlingen, ûnder oare dy fan Sir Elton John.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje