Radio en harkers yn it sintsje by Omrop Fryslân

febrewaris 8, 2019 08:08

Omrop Fryslân makket it alle dagen, it is hast de gewoanste saak fan de wrâld: radio! Op woansdei 13 febrewaris is it Wrâldradiodei en dêrom stiet Omrop Fryslân dy dei stil by it medium radio. Troch de jierren hinne binne behoarlik wat bysûndere fragminten foarbykaam. Mar ek fragminten dy’t om hokfoar reden dan ek noch nea earder foarbykaam binne, komme no foar it ljocht.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Tink oan de sniewinter yn 1979 en de Alvestêdetocht fan ’63: troch radio wiene de Friezen konstant ferbûn mei de wrâld en wat dêryn barde. Radio is yn Nederlân mei 12,5 miljoen harkers yn ‘e wike fierwei it grutste audiomedium. Nijs, it waar, de sport en muzyk dy’t oansprekt: radio is der altyd. Op Wrâldradiodei diele programmamakkers fan no en it ferline de moaiste radiomominten, mar ek fragminten dy’t noch nea earder mei it publyk dield binne op 92.2FM.

Omrop Fryslân stiet ek ekstra stil by de harkers op de ynternasjonale dei fan de radio. Wa binne sy en wat betsjut radio foar harren? Boppedat meitsje harkers de hiele dei kâns op prizen. As ynteraktyf ûnderdiel wurdt fjouwer kear de kwis ‘wêr giet it oer’ spile. Op de stjoerder is dan in koart histoarysk Frysk radiofragmint te hearren. Wa’t wit wêr’t it oer giet, kin reagearje troch in berjochtsje te stjoeren yn de Omrop-app. De haadpriis is in nostalgyske radio, dy’t ek nochris hielendal klear is foar de takomst.

Ofstimd op dy!
Omrop Fryslân is op radio te beharkjen op 92.2FM. Online harkje kin fansels ek: sjoch foar alles dat Omrop Fryslân op it mêd fan radio te bieden hat op omropfryslan.nl/radio.

febrewaris 8, 2019 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.