Pyt Paulusma 25 jier op telefyzje by Omrop Fryslân

febrewaris 14, 2019 10:23

Pyt Paulusma hat syn 25-jierrich jubileum by Omrop Fryslân. Moandei 11 febrewaris presintearre Pyt Paulusma eksakt 25 jier it waar by Omrop Fryslân op telefyzje. In moaie opstekker foar de waarman dy’t ôfrûne wike bekend makke dat er nei 23 jier fuort moat by SBS. Paulusma skode moandei 11 febrewaris oan yn it programma Fryslân Hjoed om it oer syn jubileum te hawwen. 

Foto: Omrop Fryslân

Op 11 febrewaris 1994 presintearre Pyt Paulusma syn earste waarberjocht yn it telefyzjeprogramma Hjoed fan Omrop Fryslân. Hy wurke doe al sûnt 1985 as waarman foar Omrop Fryslân-radio. Dat er lanlik trochbruts is neffens Pyt te tankjen oan Omrop Fryslân en syn Alvestêdetochtbydragen. Hy foel op troch syn talint en it bûtendoar presintearjen fan it waarberjocht. Foar Pyt is dit jubileum no ekstra bysûnder: “Dat ik de 25 jier op deselde stjoerder helle haw fielt foar my as in persoanlik rekôr. In enoarm barren en it fielt as wurdearring fan hiel Fryslân.”

Al 33 jier binne Omrop Fryslân en Pyt Paulusma oan inoar ferbûn, in noflike gearwurking neffens Pyt: “Sawol de liedingjaanden as de meiwurkers binne fantastysk. Doe’t ik by SBS begûn haw ik fan it begjin ôf sein: “Ferplichtsje my net om te stopjen by Omrop Fryslân, want dat doch ik net. Gelokkich wie dat gjin probleem.”

Op Weromrop.nl is de earste TV-ôflevering fan Pyt Paulusma syn waarberjocht werom te sjen. Pyt hat dy alderearste útstjoering al efkes opsocht: “Prachtich, ik sjoch derút as myn soan!”

febrewaris 14, 2019 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.