Pjutte-opfang ‘Peuterpret’ Raerd behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

febrewaris 23, 2019 09:28

Op moandei 28 jannewaris wie it feest op pjutte-opfang ‘Peuterpret’ yn Raerd. De lokaasje fan Kids First wurket sûnt begjin 2017 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en hawwe dat mei-inoar fierd.

Foto: Jitske Krol

Riemkje Pitstra hat in Tomkeferhaal ferteld, mei de ferteljas oan. Dêrnei kaam Stella van Gent del, wethâlder fan Súdwest Fryslân, om it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ oan de pedagogysk meiwurksters te oerlangjen. De wethâlder sei yn har taspraak: “Dizze lytse bern binne de takomst. It is júst foar harren belangryk dat sy mei it Frysk yn oanrekking komme. Prachtich om te sjen dat pjutte-opfang Peuterpret dat sa serieus oppakt en himsels no offisjeel twatalich neame mei.”

Peuterpret en twatalichheid
Pjutte-opfang Peuterpret falt ûnder Kids First. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. In grut oantal fan har lokaasjes wurket mei in twatalich belied.

Peuterpret hat in romte yn it doarpshûs fan Raerd. It twatalich belied wurdt as folget foarmjûn: Nynke praat Frysk mei elkenien en Gerda docht dat yn it Nederlânsk. Frijwillichster Atsje biedt it Frysk oan. Foar de beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen, it foarlêzen en it wurkjen mei praatpoppen. Troch de beide talen dúdlik fanioar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op Peuterpret west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. By it sertifisearringstrajekt kriget Peuterpret begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

febrewaris 23, 2019 09:28
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Femke febrewaris 23, 16:11

    Pjuttewille? Bern earst?

  2. L febrewaris 24, 07:58

    Yndied, Femke, de Ingelske goarre. Dy skoalle moat gau omdoopt wurde ta Toddler Fun, oars docht se net mear mei yn dizze tiid. Ja hear, kids first.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.