Opskuor om Frysk jeugdboek oer homoseksualiteit

febrewaris 3, 2019 22:33

Alde tiden komme werom: yn de jierren sechtich ûntstie opskuor om de boeken fan Anne Wadman en Trinus Riemersma. Wylst seks yn ‘e Nederlânsktalige literatuer doe al ynboargere wie, hearde soks neffens de Fryske lêzers net yn Fryske boeken thús. No stiet it Frysktalige boek Sex to the Max fan Bart Kingma ynienen yn it middelpunt fan ‘e belangstelling fanwegen de seksuele ynhâld.

Bart Kingma hat Sex to the Max skreaun yn it ramt fan in lêsbefoarderingsprojekt, dêr’t ek Omrop Fryslân oan meidocht. It is ornearre foar bern yn ‘e leechste klassen fan it fuortset ûnderwiis. Hja krije in Frysk boek en Omrop Fryslân makket dêr filmkes by. Sex to the Max giet oer de fyftjinjierrige Max Wouda, dy’t derachter komt dat er mear op jonges falt as op famkes.

Twa skoallen hawwe it boek, dat útjûn is troch de Afûk, weromstjoerd. Hja woene it net hawwe, om’t de ynhâld “te heftich” wie, sa docht de Ljouwerter Krante te witten. Oare skoallen brûke it boek ek net of just by âldere bern.

De skriuwer is net sa wiis mei de hannelswize fan de skoallen. Hy seit: “Ut ûndersyk docht bliken dat krekt tolve-, trettjinjierrigen seksualiteit ûntdekke. It boek is net plat. It sjocht mei in romme blik nei de problematyk.” De útjouwer docht te witten dat er de geskiktens fan de tematyk yn it foar mei GGZ Fryslân ôfstimd hat.

Foar wa’t nijsgjirrich is nei it boek: in foarlêzen ferzje stiet hjirûnder:

febrewaris 3, 2019 22:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.