Opnij live bylden te sjen fan hauk en see-earn

febrewaris 12, 2019 16:06

See-earn op it nêst. Foto © It Fryske Gea

Vogelbescherming Nederland en It Fryske Gea meitsje it dit jier ek wer mooglik om it dwaan en litten fan in see-earn en in hauk troch in webcam streekrjocht te folgjen. Ferline jier wie de striid tusken dy beide rôffûgels op harren nêst yn Nasjonaal Park de Alde Feanen foar it earst te sjen. Beide fûgels hiene harren sinnen op itselde plak set en fochten dêrom. Troch in ekstra kamera by it plukplak fan de hauk is dat dit jier fan 17 febrewaris (10.00 oere) ôf noch better te sjen op www.itfryskegea.nl/havik-zeearend en www.beleefdelente.nl. It plukplak is in belangryk ûnderdiel fan de oanfier fan fretten by it nêst mei jongen. It lûkt oare nijsgjirrige bisten ek oan.

It is no foar de twadde kear dat yn de Alde Feanen jongen fan de see-earn grutbrocht wurde. Der fleane no trije om. Se groeie hurd en wurde ek geregeld yn natuergebied de Grutte Wielen opmurken.

Jonge hauken. Foto © It Fryske Gea

De hauk docht it ek goed, al hie er it ferline jier dreech. Hy waard doe oanfallen troch de see-earn en in nylgoes. Trije fan de fjouwer jongen rêden it net. Dat wie foar de folgers en de eksperts net maklik te begripen.
Sip Veenstra, meiwurker fan It Fryske Gea: “Ik haw no al wer sin oan it sjen fan de nije bylden. De ferwûndering, it net witten, mar ek alle ferrassingen dy’t we grif wer te sjen krije. It bliuwt learsum om de natuer fan sa tichteby te folgjen.”

Fjouwer bloggers folgje it allegearre. Alle wiken beskriuwe de hichtepunten yn harren blog. Sy binne ek fan 17 febrewaris ôf fia deselde kanalen te folgjen. De kamera’s bliuwe oan oant alle jongen útflein binne.

 

febrewaris 12, 2019 16:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes febrewaris 14, 14:57

    Direkt. Dreks. Drekt. Drekst te sjen en folgje it.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.