Oersetkriich Dichter fan Fryslân
Resint ferskynd
De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, freget, yn gearwurking mei It Skriuwersboun om de bêste Nederlânske oersetting fan syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.
Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –
it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist
as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om
har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.
Wa’t de bêste oersetting makke hat wurdt sneon 30 maart bekend makke op de literêre jûn mei de skriuwer fan it Boekewikegeskink, Jan Siebelink en de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja yn Ljouwert, yn it ramt fan de Boekewike.
De bêste oersetting wurdt beleanne mei in publikaasje en € 250,00. De sjuery bestiet út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Ynstjoere kin fia: info@dichterfanfryslan.nl o/m snein 24 maart.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.dichterfanfryslan.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje