Oanhâldend kwakkelich

febrewaris 1, 2019 18:52

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Op de measte plakken yn Fryslân is freed in bytsje snie fallen. It bliuwt foarearst kwakkelich waar.

Yn ’e nacht fan freed op sneon is de loft berûn, mar in opklearring is wis net útsletten. Op guon plakken kin damp ûntstean. Letter yn ’e nacht is der op ’e nij kâns op wat snie, mar hielendal wis is dat noch net. De swakke oant matige wyn giet nei it noarden oant noardeasten. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Sneon is de loft berûn. Der soe miskien noch in hiel lyts bytsje snie falle kinne. De wyn giet nei it noardwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit krekt boppe nul.

Snein sjogge wy, nei alle gedachten, wer in glimp fan de sinne. It wurdt dan ek wat mylder.

Warskôging: Troch wat snie of befriezing fan wiete diken kin it op guon plakken glêd wêze.

Jan Brinksma

febrewaris 1, 2019 18:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.