Nije funksje gemeentehûs Menameradiel

febrewaris 7, 2019 06:39

It gemeentehûs fan it eardere Menameradiel kriget in nije bestimming. De gemeente Waadhoeke en de KwadrantGroep binne it dêr yn prinsipe mei-inoar oer iens wurden. As dêr yn de KwadrantGroep in formeel beslút oer nommen is, wurdt in gearwurkingsoerienkomst tekene.

De KwadrantGroep wol yn it eardere gemeentekantoar oan de Dyksterbuorren yn Menaam tritich moderne soarchapparteminten foar deminte minsken meitsje. Oer de nije ynfolling seit wethouder Caroline de Pee fan gemeente Waadhoeke: “Wy binne bliid dat it gebou in nije maatskiplike funksje kriget. It stiet op in moaie lokaasje en de nije bestimming komt dêr folslein ta syn rjocht.”

Bij de KwadrantGroep kin men terjochte foar in totaalpakket oan soarch, fan húshâldlike help oant komplekse soarch by minsken thús. Jan Maarten Nuijens, foarsitter tan de Ried fan Bestjoer KwadrantGroep: “De KwadrantGroep, dêr’t Palet ûnderdiel fan is, is bliid mei de yntinsje om yn Menaam in wenlokaasje foar minsken mei demintens te beoarderjen. Sa kinne de minsken út Menaam en de doarpen deromhinne yn harren fertroude krite wenjen bliuwe en op ús saakkundige soarch rekkenje.”

febrewaris 7, 2019 06:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.