Nederlânsk taalûnderwiis liedt ta taalflaters

febrewaris 7, 2019 20:01

Foto: pixabay.com

De wize hoe’t skoaljeugd yn Nederlân taalregels leart, doocht net. Learlingen reitsje derfan yn ’e war. Dat sizze ûndersikers fan ’e Radbouduniversiteit te Nimwegen.

De ûndersikers hawwe fan trijehûndert skoalbern yn Nederlân besjoen oft se de wurden hunhendan en als op ’e korrekte wize brûke. It die bliken dat dat yn guon opsichten hiel knap gie. Sa brûkt de jeugd amper ‘hun hebben’ of ‘groter als’.

Wat wol faak foarkomt, is bygelyks ‘ik beloof hen iets’ ynstee fan it korrekte ‘ik beloof hun iets’ of ‘twee keer zo groot dan’ ynstee fan it korrekte ‘twee keer zo groot als’.

De flaters wurde faker makke troch hafû-learlingen as troch learlingen fan tmbû en twû. Undersiker Ferdy Hubers tinkt dat dat komt troch hyperkorreksje: bern begripe de grammatikaútlis net hielendal en meitsje dan in eigen strategy. Hafû-bern wurde troch de útlis benaud foar de wurden hun en als en begjinne dy te mijen, ek as dy foarmen wol korrekt binne.

Hubers wyt de flaters oan de foarm fan de útlis. Hy seit: “Het verschil tussen ‘als’ en ‘dan’ is niet een verschil in gelijkheid of ongelijkheid per se, maar een verschil in grammaticale constructie. Ook krijg je meer inzicht door bijvoorbeeld het Nederlands te vergelijken met het Duits en het Engels.’ Hy pleitet der nammers foar om it ferskil tusken hun en hen mar leaver ferfalle te litten, omdat it keunstmjittich is. It is yn de santjinde ieu betocht troch taalkundige Christiaen van Heule.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd  yn it tydskrift Applied Linguistics. Klik hjir. foar in gearfetting.

febrewaris 7, 2019 20:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.