Miniatuerpark ‘Het Grootse Noorden’ giet iepen

febrewaris 6, 2019 08:06

Miniatuer Wetterpoarte Snits

Op sneon 6 april 2019 sil Hans Wiegel it Miniatuerpark ‘Het Grootse Noorden’ iepenje. Yn dat park binne hast tachtich miniatueren (op in skaal fan 1:25) te sjen fan karakteristike, histoaryske huzen, tuorren, mûnen, tsjerken en oare bouwwurken út Drinte, Fryslân en Grinslân.

Miniatuerpark ‘Het Grootse Noorden’ leit op het terrein fan it bûten Tenaxx by Wedde yn East-Grinslân njonken it Dinopark en it Beammepark (arboretum). De miniatueren komme hast allegearre fan it eardere Miniatuerpark Appelskea fan Duinenzathe. Neidat dat yn 2007 sletten waard, binne se yn in loads opslein en yn 2018 oan Tenaxx ferkocht en restaurearre. De  boarterstastellen en it âlde diseltreintsje binne ek opknapt.

Wat der te sjen is 
Yn it Madurodam fan it Noarden is fan alles te sjen en te belibjen, bygelyks
út Drinte: Kastiel Coevorden, Ja-knikkers út Schoonebeek, Hunebêd, Orvelte, Toer fan Meppel
út Fryslân: Sintrale Apoteek fan Frjentsjer, Wetterpoarte fan Snits, Tsjerke fan Wiuwert (de mummys ek!), Fjoertoer Brandaris fan Skylge, Fearboat Friesland
út Grinslân: Martinytoer, Menkemaboarch, Boarch fan Wedde, Stasjon Grins, Kleaster Ter Apel

De offisjele iepening is om 12.00 oere.
Tenaxx leit oan de Borgesiusweg 1, 9698 XS Wedde (telefoan 06-15160870)
Mear ynformaasje is te finen op www.landgoedtenaxx.nl.

febrewaris 6, 2019 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.