Meitinkers en helpers frege foar de ‘Mienskipsdei’ 2019

febrewaris 10, 2019 10:52

Mienskipsdei foar elts dy’t him of har in Fries /Friezinne fielt. Foto: Henk Roodbergen

Yn 2018 krige de betinking fan de Slach by Warns in nij jaske: in mienskipsdei. Dat paste alhiel yn it ramt fan de aktiviteiten fan dat jier. Ynstee fan it oanjaan fan tsjinstellingen tusken groepen op kultureel mêd waard ferbining socht. Ferbining tusken minsken yn Fryslân mei as doel it fan wjerskanten respektearjen fan taal- en kultuerferskillen. Yn sa’n klimaat hoecht it Frysk net ta weismiten keard te wêzen en is der besef fan ferantwurdlikens foar in mienskip mei eigen kulturele wearde, is it stiftingsbestjoer fan betinken.

De organisaasje wol dêr in tradysje fan meitsje en siket no om kreative meitinkers en helpers mei ideeën om de hjoeddeiske mienskip mei al syn ferskillen yn taal en kultuer dochs in mienskip wêze te litten. It doel is om mei de minsken dy’t dêroan meiwurkje wol op in middei of jûn yn febrewaris of maart byinoar te kommen foar neier oerlis en om inoar te ynspirearjen.

Minsken dy’t meidwaan wolle of mear ynformaasje hawwe wolle, kinne skilje mei of skriuwe nei
Tom Dykstra, 0515-331868 of dijkstrathomas@hotmail.com) of
Tsjitske Meesters, 0515-569813 tjitskemeesters@outlook.com

febrewaris 10, 2019 10:52
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Atte Houtma febrewaris 10, 11:07

    Wat wurd hjir mei bedoelt, folgens mij gjin islamitiscke flochtelingen hun wearden en noarmen stean haaks op it Frysk en de westerse samenlibbibg, It giet wat my oangiet oer de samenlibbing yn Fryslân,

  2. Willem Jongstra febrewaris 10, 18:24

    Krekt, Atte, it liket derop dat it “stiftingsbestjoer” oernimme is troch globalisten. Tiid foar in oare, echt Fryske Warnsbetinking.

  3. Kerst Huisman febrewaris 10, 20:19

    Ik haw hjoed dizze mail oan it stiftingsbestjoer stjoerd: Lykas jimme witte, bin ik yn novimber ferline jier begûn mei in sandwichbuordaksje, dêr’t ik frijspraak op easkje foar Jenny Douwes en in flink part fan de ‘blokkearfriezen’ by it heger berop yn novimber. Ik haw dêr in hiel soad goede arguminten foar dy’t ik hjir net werhelje sil mar dy’t hiel treflik nei te lêzen binne op myn Faceboekplak. Ik gean mei dy aksje ek troch oant it heger berop. Jimme sykje dit jier ferbining by de Warnsbetinking, skriuwe jim. As dat der mar net op útdraait dat it in iensiedich KH 2018 ferhaaltsje wurdt mei lju as Rimmer Mulder en oaren, ik hoech se hjir net te neamen. It soe just in hiel aardich en belangstelling oproppend inisjatyf wêze om it ferhaal fan Jenny, de blokkearders en my de romte te jaan en ek mei te nimmen. Njonken al dy oare groepen en inisjativen. Wat soe der net in prachtige fernijende diskusje ûntstean kinne! Ta eare en lok fan Fryslân en syn mienskip. Ik wol dus graach de gearkomste dy’t jimme yn it foarútsicht stelle, meimeitsje.

  4. Willem Jongstra febrewaris 11, 09:40

    Oernimme=oernommen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.