Mei-inoar de skouders derûnder

febrewaris 17, 2019 08:01

troch Jan Breimer

Under de titel ‘VERDERE STANDAARDISERING VAN HET FRIES – Onderzoek naar acceptatie van voorkeursvormen op lijst Fryske Akademy’ stiet yn Levende Talen Magazine 2019 | 1 in artikel fan Renske van der Meer-Pasma. De skriuwster is dosint Frysk. Yn it ramt fan har masteroplieding hat se in ûndersyk dien nei de akseptaasje fan de Foarkarswurdlist dy’t yn 2015 fan krêft wurden is. Sels wie se bliid dat dy list opsteld waard, omdat se fan betinken is dat mear dúdlikheid oer de skriuwwize fan it Frysk yn it ûnderwiis in protte ûnwissichheid weinimme kin.

It ûndersyk waard holden ûnder minsken dy’t bewust Frysk skriuwe lykas leararen Frysk en minsken dy’t wurkje by ûnderskate ynstellingen foar de promoasje fan it Frysk. Van der Meer ûndersocht by dy ‘profesjonals’ nei hokker wurdfoarm harren foarkar útgiet – sawol yn mûnling as skriftlik gebrûk – oan ’e hân fan in listke fan tolve wurden. It gie om trije kategoryen wurden.
1. Wurden mei mear as ien foarm: alderhande, alderhanne en allerhande, apel en appel, elk en elts, klontsje en klûntsje, krom en krûm, tomme en tûme.
2. Wurden mei twa meartalsfoarmen: opmerkingen en opmerkings, wegeringen en wegerings, tiidwurdsfoarms en tiidwurdsfoarmen.
3. Tiidwurden mei twa foarmen fan de ynfinityf: bûge en bûgje, sweve en sweevje, ferbyldzje en ferbeelde.

De 69 fragelisten dy’t weromkamen makken dúdlik dat de respondinten wakkere ûngelyk mei de tolve wurden omgeane. By it skriuwen kieze se earder foar de foarm fan de Foarkarslist as by it praten, mar lang net altyd en soms krektoarsom. Se kieze soms ek ynkonsekwint: by de kar tusken o of û rinne de persintaazjes by de wurden klontsje, krom en tomme nochal útinoar en de útkomsten strike ek net mei it persintaazje dat seit Wâldfrysk te praten.

De ûndersykster lûkt dan ek de konklúzje dat de foarmen fan de Foarkarswurdlist noch lang net akseptearre binne. It liket der earder op dat de minsken bewust of ûnbewust kieze foar de foarm dy’t it fierst fan it Nederlânsk ôfstiet. Se pleitet dan ek foar mear omtinken foar de list. Skriuwers fan learmiddels en boeken soene de (offisjele) foarkarsfoarmen as noarm oannimme én brûke moatte.

Fragen
Ut it ferslach yn Levende Talen Magazine is net op te meitsjen hoefolle fragelisten oft der ferstjoerd binne en oft yn it ûndersyk de dielnimmers eksplisyt oansprutsen binne op harren taalbefoarderjende funksje yn ûnderwiis c.q. promosjonele organisaasje. De útslach liket derop te wizen dat se de fragelist neffens harren persoanlike foarkar ynfolle hawwe. Der is ek net meidield oft der respondinten wiene dy’t alle tolve wurden neffens de Foarkarswurdlist skriuwe en guon dy’t dêr yn alle gefallen fan ôfwike. As der sokke útinoar rinnende útslaggen by wiene, soe der oan de iene kant sprake wêze kinne fan folsleine akseptaasje fan standerdisearring en oan de oare kant fan ferset dêrtsjin.

Standert en foarkar
Foar lêzers dy’t minder bewust Frysk skriuwe as de proefpersoanen út it ûndersyk kin it faaks gjin kwea en ferdúdlikje de begripen standert en foarkar. Wy kinne net prate fan Standertfrysk. Friezen prate sa’t se dat fan hûs út wend binne. Se hiene en hawwe gjin reden om dêr feroaring yn oan te bringen, want klaaikers, wâldsjers en súdhoeksters fersteane inoar wol. It skreaune Frysk spile lang gjin grutte rol en wa’t wol Frysk skreau die dat neffens de eigen útspraak en wurdkar. Der wie hiel lang gjin ûnderwiis dat dêr ienheid yn oanbrocht. By it skriuwen binne wol wat konsesjes dien. De foarnamwurden dy, hy, sy en wy wurde meastal neffens de Wâldfryske útspraak skreaun, mar in protte minsken fiele it as te ôfstanlik of as ferried oan it eigen fermidden om wurden dy’t regionale, lokale of famyljefarianten kenne, oars as neffens de eigen útspraak te skriuwen.

Nijsgjirrich en betiizjend
Foar taalgelearden en minsken dy’t niget oan taal hawwe, is it bestean fan mear as ien foarm foar itselde wurd en hoe’t soks him ûntjout o sa nijsgjirrich. Foar wa’t it Frysk noch leare moat (benammen net-Friezen en bern) is dat ferskynsel betiizjend. It kin al dreech genôch wêze om jin allegear nije wurden eigen te meitsjen, mar as dy dan ek noch ferskillend útsprutsen en skreaun wurde kinne, is dat noch helte dreger. Dêr ûntsteane sels ûnnedige misferstannen troch. Gauris sjocht (en heart?) men bygelyks yn in sin it wurd faaks en moat men út de kontekst opmeitsje dat faak bedoeld is. En nei analogy fan besteande farianten wurde wurdfoarmen brûkt dy’t net bestean, alteast net yn de wurdboeken opnommen binne. Foar in goed begryp, it giet hjir oer farianten en net oer synonimen (in oar wurd mei deselde betsjutting). Foar it ûnderwiis oan jonge bern en oan elkenien dy’t Frysk leare wol, wie it dan ek fan belang dat der in list kaam mei dy wurdfoarmen dy’t yn it ûnderwiis en it offisjele skriftlik ferkear it bêste brûkt wurde kinne. Sa’n list is der kommen as antwurd fan it provinsjebestjoer op de fraach ‘út it fjild wei’ om ienheid yn stavering. It wie ommers om gek fan te wurden as elkenien mar neffens syn eigen foarkar te wurk giet.

Foarkarswurdlist as advys
De Provinsje joech oan de Fryske Akademy de opdracht om mei in foarstel te kommen. Om it goed te dwaan moast der noch wol foar in tal wurden in staveringsoanpassing dien wurde. Op 14 desimber 2014 hawwe de Steaten dy, mei ynbegryp fan de Foarkarswurdlist, fêststeld. Net ferplichtsjend, wol in hantrekken foar mear ienheid yn de skriuwtaal en mei de bedoeling dat it basis- en it fuortset ûnderwiis en de oerheden har dêr mei yngong fan 1 febrewaris 2015 oan hâlde soene.

No witte wy dat it ûnderwiis noch tsien jier de tiid hat om de saak op oarder te krijen. Yn it Provinsjehûs lykje de Steateleden en amtners der ek gjin haast mei te meitsjen. Yn de deiblêden wurde sneons noch hieltyd meidielings en gjin meidielingen publisearre en dêr steane dan wurden yn as fisy, knipepunt, ûnderhannelings, meiïnoar, meielkoar en fan elkoar, dêr’t út bliken docht dat de staveringshifker fan taalweb.frl net rieplachte is. No’t soks ienkear demokratysk fêststeld is, is it dochs wol beskamsum dat sa’n beslút net serieus nommen wurdt. Dat minsken dy’t skriuwe út namme fan ynstellingen foar de promoasje fan it Frysk en útjouwers en tekstburo’s ek dogge as soe dat beslút neat mei harren wurk te meitsjen hawwe, docht earder tinken oan ûnwil of ûnferskilligens as oan reewilligens om de skouders derûnder te setten yn it belang fan de goede saak. Of te min tiid om jin deryn te ferdjipjen?

Fansels giet de oerheid der net oer hoe’t elkenien foar himsels of oan syn neisten en freonen skriuwt, mar as teksten publisearre wurde mei de bedoeling dat alle Frysklêzers se sûnder stroffeljen lêze kinne, dan is it fan belang dat de eigen foarkar wykt foar de demokratysk fêststelde foarkar. Of is it, sa’t de ûndersykster tinkt, ûnbekendheid fan de Foarkarswurdlist dat yn 2019 noch net folle avesaasje mei ienheid yn skriuwwize makke is? As dat sa is, sil der alles oan dien wurde moatte om dêr feroaring yn te bringen.

Stadich
Yn de deistige praktyk docht bliken dat staveringsferoaringen en ‑oanpassingen altyd mar stadich wenne wolle. Der binne no noch minsken dy’t mei harren skriuwen sjen litte dat se dat foar 1980 leard hawwe (hwat, fornaem). Dêr stiet dan foaroer dat it opfalt hoe maklik oft guon oanpassingen fan 2015 (lykas nûgje en iuw) akseptearre binne.

Doe’t yn 1995 de Woordenlijst Nederlandse taal, it saneamde griene boekje, de noarm foar it Nederlânsk waard, kaam der net fuortendaliks in ein oan de wyldgroei (lykas hekties foar hectisch) út de santiger en tachtiger jierren as in utering fan in progressive ynstelling. No’t wy mear as tweintich jier fierder binne, is te konkludearjen dat yn it Nederlânsk stelde publikaasjes oer it algemien in ienheid fan skriuwwize fertoane.

Al funksjonearje de wurdlist foar it Nederlânsk en dy foar it Frysk op deselde wize, de oanlieding foar harren ûnstean wie ferskillend. It Frysk hat in bulte farianten dy’t yn de wurdboeken fêstlein binne. It Nederlânsk wie al lang standerdisearre en hie dat ferskynsel fan farianten mei in lange tradysje net, mar siet mei de omstannichheid dat jonge progressivelingen eigen staveringsregels ûntwikkelen en dy de ‘voorkeursspelling’ neamden. Dat joech betizing en dêr moast in oplossing foar komme. Dat is aardich slagge.

Foar it Frysk binne de farianten trouwens net it grutste probleem. Dat is it gegeven dat foar in protte Friezen harren memmetaal ta twadde taal ferwurden is, dy’t de measten skriftlik net behearskje. Yn de tiid dat de learplicht hieltyd mar ferlinge waard en de jongerein aloan langer ûnder ynfloed fan it dominante Nederlânsk stie, is de behearsking fan ús memmetaal mûnling hurd tebekrûn en skriftlik foar in protte nea fan ’e grûn kommen. Der sil dus hiel wat mear barre moatte as ‘it bekendheid jaan oan de Foarkarswurdlist’. Dy list is lykwols in moai útgongspunt by in folle bredere aksje: it alfabetisearjen fan it Fryske folk.

Mear ynformaasje: taalweb.frl, in webstee dêr’t fan alles op te finen is, ûnder mear de wurdlist taalweb.frl/foarkarswurdlist.
febrewaris 17, 2019 08:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe febrewaris 17, 16:11

    It is Breimer faaks noch net opfallen, mar dy’t wolris wat oars as ynstitúsjoneel Frysk ûnder eagen krijt, en Fryske literatuer lêst, wit it wol: dat it medium dat it measte skriftlik Frysk skriuwt, Fers2, gewoan de pre-2015 stavering brûkt. De stavering dus dy’t sa’n 170 promininten út it Fryske kulturele libben tsjin de ûnderwizerswinsken yn graach hâlde woenen. Mear omtinken foar ‘de folle bredere aksje’ dy’t B. graach wol, ‘it alfabetiserjen fan it Fryske folk’, is yndie wolkom mar al dy wizigingen (lykas ek it tsjintwurdich o sa propagearre diakrityske teken op haadletters) helpe dêrby net. Begjin ris mei de Fryske literatuer serieus te nimmen, soe ik sizze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.