Meistim-meter: in online stimhelp op basis fan resultaten

febrewaris 24, 2019 15:44

Moandei 25 febrewaris wurdt de Meistim-meter foar de provinsje Fryslân lansearre. Dat is in nije online stimhelp dy’t kiezers helpe kin om in kar te meitsjen by de Steateferkiezingen fan 20 maart. It giet der by dizze mjitter net om wat de partijen yn harren ferkiezingsprogram’s tasizze, om wat se der yn de ôfrûne perioade fan makke hawwe. Der wurdt gebrûk makke fan foarstellen fan deputearre Steaten, moasjes en amendeminten dy’t yn de lêste fjouwer jier oan ’e oarder kamen.

Alle grutte ûnderwerpen dêr’t de Steaten yn dy jierren oer stimd hawwe, komme yn de stellingen fan de meistim-meter lâns. Kiezers sitte om samar te sizzen op de stoel fan in Steatelid. De kiezers krije oan ’e hân fan twaentweintich stellingen nei it ynfoljen te sjen mei hokker partij se it meast meistimd hawwe. Op dy wize wurdt in bekend neidiel fan de tradisjonele online stimhelpen tefoaren kommen. By in protte kieswizers kinne politike partijen wol wat beweare, mar is it net dúdlik oft dat fundearre is op in beskaat polityk stânpunt.

Ferantwurding
Ferkiezingen geane net allinne oer de plannen dy’t partijen foar de kommende fjouwer jier hawwe, se binne ek de gelegenheid om ferantwurding ôf te lizzen oer de stânpunten dy’t se de foarige perioade ynnommen hawwe. Diene se wol wat se de kiezers tasein hawwe? Dy fraach is de basis fan dizze nije metoade. De Meistim-meter is twatalich.  Der wurdt linkt nei alle websteeën fan politike partijen dy’t dielnimme oan de Steateferkiezingen yn Fryslân.

De Meistim-meter wurdt moandei 25 febrewaris lansearre. Dat wurdt dien ûnder de offisjele iepening fan de kampanje ‘Stim. Foar dyn lûd’ tusken njoggenen en tsienen. Tagelyk wurdt de kieswizer fan MijnStem ek lansearre.

De Meistim-meter is yn opdracht fan de Provinsje en Notubiz ta stân kommen. Notubiz fersoarget ûnder mear de stimmingsútslaggen en de fideoferslaggen fan de gearkomsten fan in grut tal provinsjes yn Nederlân.

De Meistim-meter is te berikken op: www.meestemmeter.nl/Friesland-nl.

 

febrewaris 24, 2019 15:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.