Measte Friezen gean yn krookjefakânsje leafst nei Eastenryk

febrewaris 20, 2019 10:00

Krookjefakânsje 2019: statistiken en sifers

HomeToGo, sykmasine foar fakânsjewenten, socht út wat fakânsjegongers út Fryslân it wichtichst fûnen by it boeken fan in fakânsjeferbliuw foar de krookjefakânsje. Sa waard ûnder oare it meast boekte akkomodaasjetype ûndersocht, as ek de meast winske foarsjennings. De populêrste bestimmings ûnder de Friezen en de útjeften oan in akkomodaasje waarden analysearre en op provinsjaal nivo ferlike. Gean Friezen bygelyks yn de maitiid it meast op wintersport of gean se leaver op in stêdetrip? En hoefolle jouwe se dan yn trochsneed út oan in fakânsjeferbliuw?

Boarne: www.hometogo.nl/friesland/#voorjaarsvakantie

Foto: HomeToGo

De trochsneed krookjefakânsje foar de Friezen fan 2019
Ut it ûndersyk docht bliken dat Eastenryk de meast boekte fakânsjebestimming ûnder de Friezen wie, folge troch Winterberg en Denemarken. Wintersport blykt dus in populêre aktiviteit ûnder de Friezen. It blike meast húshâldens fan trije oant fiif persoanen te wêzen. De befolking út Fryslân joech yn de fakânsje yn trochsneed sa’n € 133 de nacht út oan in akkomodaasje. Neffens de trochsneed Nederlânske fakânsjegonger blykt dat de Friezen mear útjoegen oan in fakânsjeferbliuw as it Nederlânske gemiddelde fan € 128.

De populêrste akkomodaasjetypen ûnder de Friezen
42% fan de Friezen socht foar de krookjefakânsje spesifyk nei in fakânsjehûs as ferbliuw. Fierder wiene ek apparteminten (35%) en hotels (12%) tige populêr ûnder de lokale befolking.

Foto: HomeToGo

De meast winske foarsjennings
De statistiken litte sjen dat de fakânsje foar de Friezen pas slagge is as se swimme kinne. By mar leafst 17% fan de spesifike sykopdrachten wie nammentlik om in swimbad by de akkomodaasje frege. It hawwen fan ynternet by de akkomodaasje wie ek tige yn trek mei mar leafst 16% fan alle spesifike sykopdrachten, folge troch in bistefreonlike akkomodaasje (14%).

De ferskillen tusken de provinsjes
Fakânsjegongers út Drinte (€ 157),  Seelân (€ 155) en Noard-Hollân (€ 153), joegen it meast út foar in nacht yn harren fakânsjeferbliuw. Yn Limburch (€ 107) is der yn trochsneed it minst útjûn oan in ferbliuw.

#ProvinsjeTrochsneed útjeften oan akkomodaasje (de nacht)
1Drinte€ 157
2Seelân€ 155
3Noard-Hollân€ 153
4Súd-Hollân€ 144
5Gelderlân€ 143
6Oerisel€ 140
7Flevolân€ 135
8Utert€ 135
9Grinslân€ 133
10Fryslân€ 133
11Noard-Brabân€ 120
12Limburch€ 107
febrewaris 20, 2019 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.