Mear as 1100 minsken yn Noardeast-Fryslân sjogge film WAD

febrewaris 4, 2019 09:17

De ôfrûne tiid hawwe de filmhuzen yn Noardeast-Fryslân in protte omtinken jûn oan de film WAD, overleven op de grens van water en land, fan de filmmakker Ruben Smit.

Op 30 novimber sette it filmhûs yn Dokkum útein mei de earste fertoaning. De produsint Ruben Smit yntrodusearre de film en joech in byldzjend ferhaal fan it meitsjen fan de prachtige natuerfilm yn wrâlderfgoedgebiet It Waad.

Om’t de fertoaning gau útferkocht wie, krigen de fjouwer filmhuzen yn Noardeast de kâns yn gearwurking mei Ruben Smit produksjes, om de film noch in kearmannich te fertoanen yn Burdaard, Dokkum, Holwert en Kollum. Op dy wize krigen de ynwenners fan de nije gemeente de kâns om tichtby hûs fan de film te genietsjen. En dat diene se. Ferskate kearen is de film fertoand en yn alle plakken wie de film goed besocht of sels útferkocht.

De gearwurking fan de fjouwer filmhuzen yn Noardeast-Fryslân is súksesfol en der wurdt fierder neitocht om skielk ek gear te wurkjen oan filmfertoanings op bysûndere plakken en yn de filmhuzen yn de gemeente.

febrewaris 4, 2019 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.