Lustrum Maraton tsjin lymfeklierkanker

febrewaris 11, 2019 13:43

‘De Hollandse 100’, in maraton tsjin lymfeklier-kanker sil op 17 maart 2019 foar de fiifde kear riden wurde, dizze kear yn Thialf op It Hearrenfean. Der wurdt 10 kilometer reedriden en 90 kilometer fytst. By gelegenheid fan dy lustrumfiering wurdt dêr yn gearwurking mei de KNSB in kriich foar profesjonele maratonploegen oan tafoege, sawol foar manlju as foar froulju.

De Hollandse 100 is in inisjatyf fan Lymph&Co, oprjochte troch Prins Bernard van Oranje. It doel is om safolle mooglik jild byinoar te riden en te fytsen. Dat wurdt foar hûndert persint om ûndersyk nei lymfeklierkanker te dwaan. Troch it sukses fan eardere jierren is al sawat 1,5 miljoen euro ynsammele.

Foar de kriich op 17 maart is al mear as in ton ynbard en hawwe har al goed fjouwerhûndert dielnimmers ynskreaun. Prins Bernhard mei Prinses Annette en de bern en Prinses Margiet mei har freondinnen dogge ek mei. Folle mear bekende Nederlanners dogge mei of stypje de stichting. Ambassadeurs Simon Keizer en Monique des Bouvrie ride mei en René Froger set him der ek foar yn. Tim Douwsma is de nije presintator, dy’t dat tegearre mei Meriyem Manders dwaan sil.

Ynskriuwe kin noch hieltyd. Oanmelde fia: dehollandse100.nl! Njonken De Hollandse 100 binne der De Halve Hollandse 100, de Familie/Groepsestafette en de Junioren 10.

Mear informaasje: lymph-co.com en www.dehollandse100.nl.

 

febrewaris 11, 2019 13:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.