Lekker ite mei it CDA

febrewaris 22, 2019 15:57

It CDA yn Fryslân sil yn it ramt fan de Steateferkiezingen de kommende wiken mei in mobile itensiedersstudio de provinsje troch. Topkok Reitse Spanninga, dy’t listtriuwer is, makket op de plakken dy’t oandien wurde in resept fan Sietske Poepjes ta.

Fan ’e middei, freed 22 febrewaris, sochten listlûker Sander de Rouwe, kandidaten en frijwilligers de boufakkers fan Campus Fryslân op om de bouwers oan de Fryske universiteit te betankjen foar harren wurk. De Rouwe sei dat it CDA him de lêste jierren nochal ynset hat foar de realisaasje dêrfan en foar it beskiber stellen fan spesjale beurzen foar Fryske studinten. Neffens kampanjelieder Doeke Fokkema ferieniget itensieden en mei-inoar iten de minsken. “Soks jout faak goede petearen en men begrypt inoar better.”

febrewaris 22, 2019 15:57
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. snarf febrewaris 22, 18:27

    Politisy binne altyd ticht by de minsken as sy de minsken nedich binne. En dat is altyd yn ferkiezingstiid, wylst de measte minsken dy’t bygelyks yn `e knipe sitte in politikus sawat nea sjocht. Omdraaide wrâld eins. It sil wol net oars kinne.

  2. snarf febrewaris 22, 18:31

    Politisy binne yn ferkiezingstiid graach op in paad nei de kiezers ta. Lekker Ite mei Reitse en Sietske is fansels hiel moai, en ûnder it iten mei elkoar prate is ek goed fansels om innoar te begripen. Mar soks moat yn it foar barre, want dan kin de besteklike petearen noch meinommen wurde yn it ferkiezingsprogramma. No leit alles al fêst. Ik tink wol dat elkenien dy’t mei ite sil, ek op it CDA stimme sille. Want dát is de bedoeling en dêr is op himsels neat mis mei. Sterkte Doeke!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.