‘Lazzaro Felice’ iepening Internationaal Filmfestival Assen

febrewaris 9, 2019 08:52

Internationaal Filmfestival Assen (IFA) iepenet syn 39e edysje mei it prachtige en oandwaanlike Lazzaro Felice fan regisseur Alice Rohrwachter. De film waard ferline jier op it filmfestival yn Cannes nominearre foar in Palme d’Or en wûn dêr de priis foar bêste senario. De iepening fan IFA is dit jier in dei earder, op freedtejûn. It festival wurdt holden op 8, 9 en 10 maart yn DNK yn Assen.

Internationaal Filmfestival Assen

“Wy binne tige bliid dat wy Lazzaro Felice boeke kinnen hawwe as iepeningsfilm. It is in tige útsûnderlike film en pas fan ein maart ôf yn ’e bioskoop te sjen”, fertelt programmeur Henriëtte Poelman. “In film fol tsjinstellings, dreamerich en hoopfol, mar ek ûnbarmhertich en hertferskuorrend. Dy grutte, iepenhertige eagen fan Lazzaro sille je noch lang bybliuwe.”

Lazzaro Felice
Mei it prachtige en oandwaanlike Lazzaro Felice skept regisseur Alice Rohrwacher in wrâld dêr’t fiksjen en sosjaalrealisme subtyl mar sûnder muoite kombinearre wurde. De tiid liket stil te stean yn it Italiaanske doarpke Inviolata, dêr’t boeren mei har húshâldens yn earmoed libje. Heech boppe harren út tuorket it bûten fan de markizinne, dy’t de fruchten fan harren hurde wurkjen plôket. Mar inkelde details jouwe oan dat it ferhaal him tichterby it no ôfspilet as men tinke soe. Lykas de markizinne misbrûk makket fan de tabaksboeren, spanne sy sûnder problemen de jonge Lazzaro foar harren karke. As Lazzaro, dy’t de goedheid sels is, in ûnferwachte freonskip slút mei Tancredi, soan fan de markizinne, feroaret alles. Nei in dramatysk foarfal wurde de bewenners fan Inviolata op hurde wize it moderne libben ynsleept.

febrewaris 9, 2019 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.