Kursus Sealterfrysk op NHL Stenden yn Ljouwert
Resint ferskynd

Sealterfryske wurden op it boerd
Hegeskoalle NHL Stenden hie tiisdei in primeur: foar it earst is der yn Nederlân in kursus jûn yn de Fryske taal fan it Sealterlân (Saterland). Dat is in lytse regio yn Dútslân dêr’t in eigen fariant praat wurdt fan it Frysk: it Sealterfrysk. It hat dêr noch goed tûzen sprekkers en it hat it Guinness Book of Records helle as de lytste taal fan Europa.
De kursus giet oer de taal, kultuer en skiednis fan it Sealterlân. De dosint is Wolter Jetten, dy’t in pear jier ferlyn as studint Dútsk in byfak Frysk folge hat op NHL Stenden. Hy hat him de ôfrûne jierren yntinsyf ferdjippe yn de taal en kultuer fan it Sealterlân, dat troch syn isolearre lizzing yn it fean hiel lang de Fryske taal bewarre hat. Wilens praat er it flot en hat er der sels learmateriaal foar ûntwikkele.
De kursus bestiet út twa lessen fan likernôch twa oeren elk. Der dogge fyftjin minsken mei, wêrûnder benammen studinten Dútsk en Frysk fan NHL Stenden en de Ryksuniversiteit Grins, mar ek oare nigethawwers. Dosint Jetten seit: “Se wienen tige entûsjast. Se holden net op mei fragen te stellen. Sels de grammatika fûnen se nijsgjirrich.” De twadde les is op 5 maart.
Noch noardliker yn Dútslân wurdt it Noard-Frysk praat. Dêr wurdt op NHL Stenden ek alle jierren in kursus yn oanbean.

Wolter Jetten leit de Sealterfryske grammatika út
Foto’s: Wolter Jetten
Moai ynysjatyf Wolter! Bin nijsgjirrich nei wat dêr noch komme sil. Gooitz&!