Koaren ûnderweis

febrewaris 20, 2019 15:21

Under it motto ‘Koaren ûnderweis’ sille twa foaroansteande koaren út Ljouwert yn de earste wike fan maart 2019 mei-inoar trije konserten fersoargje. Dat sil wêze yn Warkum, Dokkum en Ljouwert. It giet om de Leeuwarder Bachvereniging ûnder lieding fan Geke Bruining-Visser en it Vocaal Ensemble Leeuwarden ûnder lieding fan David van Roijen, dy’t tegearre sa’n fyftich leden hawwe.

Op de trije lokaasjes docht ek hieltyd in muzikaal ensemble út de regio mei. Yn Warkum is dat it Baarder berne- en jongereinkoar ûnder lieding fan Martijn van Dongen. Yn Dokkum wurket it blokfluitensemble ‘Flauto Nuovo’ ûnder lieding fan Dinie Goedhart mei en yn Ljouwert bart dat troch it skoalorkest fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé ûnder lieding fan Johanna Oudejans. By alle konserten is pianist Jan van Liere de begelieder.

De konserten binne op
freed 1 maart 2019 om 20.00 oere yn de Grutte of Sint-Gertrudistsjerke fan Warkum
sneon 2 maart om 20.00 oere yn de Grutte of Sint-Martinustsjerke fan Dokkum
snein 3 maart om 15.00 oere yn it Koepelteater yn Ljouwert

Foar mear ynformaasje:info@vocaalensemble-leeuwarden.nl en www.leeuwarderbachvereniging.nl

febrewaris 20, 2019 15:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.