Klinkende kampanje foar provinsjale ferkiezingen lansearre

febrewaris 25, 2019 10:22

foto © Provinsje Fryslân

De kampanje Stim. Foar dyn lûd foar de provinsjale ferkiezingen yn Fryslân is moandeitemoarn 25 febrewaris lansearre op it stasjon fan Ljouwert. Kommissaris fan de Kening Arno Brok ûntbleate de kampanjebylden, yn ’e mande mei muzikale Friezen dy’t model stiene foar de posters.

Acht banieren waarden troch de kommissaris fan de Kening ûntbleate, mei elk in ynwenner fan Fryslân dy’t yn de Steateseal fan it Provinsjehûs mei it eigen ynstrumint posearre. Henk, Henk, Sybrecht, Alinda, Harry, Akke, Helena en Tjibbe, foar in part bywêzich by dizze happening, joegen dêrmei de ferkiezingsslogan krêft mei.

Ein 2018 waard muzikale Friezen oproppen om har as model oan te melden foar dizze klinkende kampanje. It smiet sa’n sechstich reaksjes op. Dêr binne acht minsken út selektearre op fariaasje yn persoan en ynstrumint. Hja waarden portrettearre yn de Steateseal, dêr’t de polityk úteinlik bedreaun wurdt.

Stim. Foar dyn lûd
Ear’t muzikanten harren lûd sa suver mooglik hearre litte kinne, stimme se. Sa docht de ynwenner fan Fryslân dat ek op 20 maart, de dei fan de Steateferkiezingen. Dêrom Stim. Foar dyn lûd.

Kampanje feestlik út ein set
By de ôftraap fan de kampanje wie der in soad te dwaan op it Ljouwerter treinstasjon. Troch partijleden en meiwurkers waard flyere en weijouwerkes waarden omparte. It petear koe oangien wurde en oeral waard feestlik muzyk makke, ûnder mear troch de minsken dy’t posearren foar de kampanjefoto’s.

Fan hjoed ôf binne de bylden mei de muzikanten te sjen op de websites en social media fan Provinsje en Provinsjale Steaten. Rûnom yn Fryslân dûke posters en flyers op en wurdt advertearre yn kranten en op radio en telefyzje.

Twa stimwizers
Op 25 febrewaris binne ek de stimwizers MijnStem.nl en Meestemmeter.nl yn de loft gien. Dêrop kinne kiezers reagearje op stellingen en sjen oft en hoe’t partijen by harren tinkbylden oanslute. MijnStem.nl basearret dat op de ferkiezingsprogramma’s foar de kommende tiid en de nije Meestemmeter.nl sjocht nei it hâlden en dragen fan de partijen yn de ôfrûne tiid, sadat de feitlike ynset dúdlik is.

Webside
Op www.fryslan.frl/ferkiezings2019 is it kampanjemateriaal te sjen, mear ynformaasje oer de ferkiezings te finen en binne de stimwizers op te sykjen.

febrewaris 25, 2019 10:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Piter Dykstra febrewaris 25, 23:18

    Der is sels in tredde stimwizer. Dy sjocht nei wat de partijen dwaan wolle oan it ûnderwiis yn it Frysk. En dat is de ferkiezingsstruibrief fan ‘Sis Tsiis’, dy’t op http://www.sistsiis.frl te finen is. Dy ropt ek op om mei te dwaan oan de manifestaasje fan 9 maart om 15.00 oere op it Saailân yn Ljouwert.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.