Keunstneresse Varenka Paschke eksposearret by Galery Nuweland

febrewaris 13, 2019 09:10 Fernijd

Op de ynternasjonale Frouljusdei, 8 maart 2019, stiet it wurk fan de Súd-Afrikaanske keunstneresse Varenka Paschke (frou fan Stef Bos en pakesizzer fan Pieter Willem Botha) yn de skynwerpers. Hja eksposearret by Galery Nuweland yn Eastersee-Buorren mei seis markante byldhoude porsleinen frouljushollen. De searje is basearre op de kwetsbere posysje fan froulju yn Varenka har lân Súd-Afrika.

Wurk fan Varenka Paschke (foto: Anke Bergsma, Galery Nuweland)

Yn Súd-Afrika is de frou de rêchbonke fan de maatskippij, mar sy hat oer it algemien in marzjinale tredderangs posysje. Dat kreëarret in lân sûnder moederaasje. De sifers oangeande seksueel en húslik geweld binne yn de ôfrûne tweintich jier ysbaarlik tanaam. En hoe earmer de befolkingsgroep, hoe mear de froulju dêrûnder te lijen ha. De oerheid sjocht stilswijend ta.

Varenka Paschke is pasjonearre oer har lân en de befolking. De dregens en de mooglikheden. Hja besiket minsken dy’t faak net heard wurde, in stim te jaan. Yn dit gefal stiet de posysje fan de frou sintraal. De seis frouljushollen fertsjintwurdigje ek seis kulturele groepen yn har lân dy’t ferbûn binne troch de Afrikaanske taal dy’t se prate. Dy taal sels stiet ek ûnder druk, foaral troch de oerheid. De Súd-Afrikaanske dichter en keunstner Breyten Breytenbach skreau dêr it neikommende oer:

“Om ‘n taal dood te maak is om die vrou te vernietig. Dis nie omsons dat ons praat van ‘moedertaal’ en van ‘moedertong’ nie.”
(In taal deadzje is de frou ferneatigje. Dan kin men net mear sprekke fan ‘memmetaal’ en ‘memmetong’.)

De Afrikaanske titel fan de eksposysje is ‘Moerteiken’: de mem as doelwyt.

Ynternasjonale Frouljusdei
Ynternasjonale Frouljusdei, dy’t alle jierren op 8 maart is, stiet sûnt 2011 yn it teken fan striidberens en solidariteit fan froulju oeral op ’e wrâld. Op dy spesjale datum freegje se omtinken foar tema’s as ekonomyske selsstannigens, krêft, seksueel geweld, soarch en arbeid, diskriminaasje en rasisme. Dit jier is it tema: heldinnen.

Varenka Paschke (foto: Anke Bergsma, Galery Nuweland)

Varenka Paschke
Varenka wennet en wurket ôfwikseljend yn België en Súd-Afrika. Yn 2001 helle se har Bachelor of Fine Arts oan de Universiteit fan Kaapstêd. Hja tekenet, skilderet, byldhout en ûntwerpt. Mei har keunst reflektearret se op tema’s as identiteit en etnisiteit.

Algemiene ynformaasje:
Iepening: freed 8 maart 2019
Tiid: 19.30 oant 21.30 oere
Lokaasje: Galery Nuweland, Buorren 31, 8536 TH Eastersee-Buorren

febrewaris 13, 2019 09:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.