Kampioenskip jeugd, pupillen en begjinners Frysk Damjen

febrewaris 18, 2019 15:27

Tagelyk mei de lêste omloop fan it Frysk Kampioenskip yn doarpshûs It Joo fan Aldegea (SWF) spilen tolve jonge dammers ek om de heechste eare: it kampioenskip yn ’e kategoryen jeugd, pupillen en begjinners. Yn alle klassen hiene har fjouwer spilers pleatst.
Under lieding fan Gatze Ykema, Sjouke Attema en Jurjen Frankena waard der yngreven en fûleindich strutsen, mar op it lêst wie yn alle groepen dochs hieltyd ien de bêste.

By de begjinners wie dat Jurre Jansen út Blauhús: hy wûn oertsjûgjend alle seis partijen. Net te bedamjen, wurdt dan sein, en dat wie yn dit gefal terjochte.

By de pupillen gie de priis nei Willem Kroon, ek fan damklub De Skyfkes út Blauhús. Hy komt út in echt laach fan Fryske dammers, en dat is altyd in goeie basis. Dat die no ek wer bliken: Hy wûn mei trije punten út trije partijen.

By de jeugd liket de kampioenstsjelke wol fêst plak te hawwen by de famylje Ykema fan ’e Gaastmar: Herre Klaas Ykema wûn de priis mei oermacht. Hy en syn broer Wiebren binne beide gâns ûnthjittende jonge spilers.
In earfolle fermelding moat makke wurde foar Hester Boelens út Snits, dy’t by De Stadige Strikers fan Skearnegoutum spilet. Hja hat gjin ûnderfining as begjinner of pupil, mar is pas letter begûn. Dan is it in hiele moaie prestaasje om jin direkt al yn ’e finale te striken en dan ek noch in tredde plak te heljen!

F.l.n.r. Brecht Frankena, Jurre Jansen, Maaike Kroon, Mette Jorritsma

Begjinners:

  1. Jurre Jansen                 6
  2. Brecht Frankena          3
  3. Maaike Kroon             2
  4. Mette Jorritsma            1

 

 

 

F.l.n.r. Wytze Zeinstra, Willem Kroon, Harmen Jacob Postma, Neeltsje Ykema

 

Pupillen:

  1. Willem Kroon              3
  2. Wytse Zeinstra 2
  3. Harmen J. Postma       1
  4. Neeltje Ykema 0

 

 

 

F.l.n.r. Wiebren Ykema, Herre Klaas Ykema, Hester Boelens, Eelco de Wolff

Jeugd:

  1. Herre Klaas Ykema     3
  2. Wiebren Ykema           2
  3. Hester Boelens            1
  4. Eelco de Wolff            0
febrewaris 18, 2019 15:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.