Jan Willem Zwart: It buro

febrewaris 9, 2019 20:00

Kollum

By it skriuwen fan kollums foar It Nijs sit ik altyd efter myn âlde buro. Meastentiids leit ús hûn Bijke by my op it buro.
‘It buro’ kinne we op twa wizen lêze. It Buro as in soarte fan ynstituut en it buro as in meubelstik dêr’t men oan skriuwe kin.

Het bureau is ek in rige boeken fan J.J. Voskuil oer in bysûnder libben yn it Meertens Instituut yn Amsterdam. It bysûndere boek suggerearret dat de personaazjes Ravelli en Beerta út it boek in relaasje mei-inoar hawwe. Dy twa, de Italiaan Ravelli en de direkteur Beerta binne yn it echt Thomas Herman Bianchi en Piet Meertens. Thomas Herman Bianchi, is yn desimber 2015 yn ’e âldens fan 93 jier ferstoarn yn Ljouwert. Dy man, professor criminologie, soarge yn de sechstiger en santiger jierren foar opskuor, doe’t er yn it nijs kaam mei syn idee om finzenissen yn Nederlân te sluten. Hy is nea echt begrepen en yn it boek fan Voskuil hiene se de gek mei him. It makke him lilk, omdat it om ûnrjocht gie. It ferhaal is net op feiten basearre. “Fake nijs”.

It fysike buro dêr’t ik oan wurkje komt yn it deistich libben ek hiel wat ûnrjocht tsjin. Klimaat, plestik, krûden, bijen en oare natuersaken binne ûnderwerpen dy’t it grutte buro passearje. Stikken om te lêzen, mailtsjes, petearen of gewoan in telefoantsje.

In buro kin men ek sjen as in soarte fan statussymboal. As jo in buro hawwe, dan hawwe jo leard en sitte jo efter in buro te wurkjen. Skjin wurk, dat heech op de sosjale ljedder stiet. Wichtich wurk, miskien wol as direkteur, manager of hege amtner. Yn grutte saneamde flekskantoaren binne it faak dy minsken dy’t in eigen buro hawwe, in eigen keamer om harren wichtichheid sjen te litten. It buro as symboal foar status.

En sa sjocht men yn dizze tiid oeral lytse symboalyske burootsjes ûntstean. De doarpeteams hawwe in teamlieder, yn de soarch wurdt der mear en mear administrearre en komme der mear managers, managers dy’t in buro nedich hawwe. As jo dan wurkje oan in buro, dan moat der fansels wol in buro-manager komme om it buro te lieden. Dy syn buro moat dan bygelyks krekt wat grutter wêze. En sa ûntsteane nije organisaasjes.

En dochs binne der hiel wat politisy en organisaasje-advysbureaus, dy’t oan platte organisaasjes wurkje. Selsstjoerende teams en minder managers. Folget men dat soarte fan organisaasjes, dan sjocht men dat it efkes wol sûnder in buro kin. Mar dan, dan wurdt der wer in buro byset, omdat der in nije laach by komt.

Myn buro bliuwt stean. Us hûn fynt it noflik om sa by myn skôgingen te lizzen. En dat is gjin “fake nijs”.

 

 

febrewaris 9, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.