Jan Schokker: Grienling

febrewaris 2, 2019 20:00

Kollum

Foto: pixabay.com

‘Hee, agressive túnkabouter! Moat it sa grouwélich?’
Ik wie de wâl efter de loads, neist it lân fan buorman, oan it snoeien en seach om my hinne wêr’t dat lûd weikaam, wylst ik wer in pear tûken op de bulte lei.
Wat it wie, wit ik net, mar it hie in hege stim. Wat berneftichs. Earder miende ik ek al dat ik wat hearde, mar ik seach nimmen.
Der fladdere wol hieltyd in lyts grien fûgeltsje om my hinne. Dan wer siet it op myn bulte tûken, dan wer hipte it yn de strûken om, fierderop mar meastentiids hold it ta oan de sleatskant, krekt boppe it wetter. Suver gesellich.
Ynienen siet it op de tûke dy’t ik pakke soe.
‘Hee, ik sis wat tsjin dy.’
‘Huh, kinsto prate?’
‘Fansels! En teminsten as ik as ik de smoar yn haw.’
‘Do bist in grienling dochs?’ frege ik.
‘Jawis, famylje fan de pappegaai.’
‘Famylje? Nee wol?’
Earne hie ik lêzen dat er by de finken hearde.
Efkes seach er in oare kant út en sei doe:
‘No nee, grapke, oantroud.’
En dizze fink hie de smoar yn?
‘Wat hast op de lever?’ frege ik. Ha fûgels in lever? Sil wol, want hy hie de smoar yn.
‘Bist myn habitat oan it fernielen.’
‘Ehh, no ja, buorman koe de sleat sa net mear hekkelje,’ lei ik kalm út, ‘de beammen en tûken groeie oer de sleat hinne. Underhâld, dat moat sa no en dan. Mar der bliuwt wol wat strûke- en beamkeboel stean.’
Hy seach om him hinne, rûn read oan en dat wie útsûnderlik foar in grienling:
‘Der bliuwt hielendal neat stean, kapst wol hiel resolút.’
Hoe koe sa’n moai fleurich en kleurich fûgeltsje no sa negatyf wêze, frege ik my ôf. Lykwols, troch syn leverprobleem beseach ik de wâl mei oare eagen en it wie yndied wol hiel keal.
It fladdere omheech en hipte doe nei myn elektryske Stihl kettingseage en sei:
‘Koest der no earst net wat tuskenút helje en dan oer twa jier it oare part? Dit is in kealslach en mei dy waarme simmers ha wy hjir aanst in soarte fan Sahara en dan ha wy hielendal gjin plak mear om de famylje wat út te wreidzjen.’
Sa’n grienling soe de waarmte opsykje moatte, dan hie er my net lestich fallen. Mar ja, hy hie wol gelyk, al hie dizze túnkabouter wol in ekskús.
‘Hast gelyk,’ sei ik, ‘mar ik wie yn gedachten.’
No wie hy oan bar om ferwûndere te wêzen.
‘Yn gedachten snoeie?’
‘Ja, ik moast neitinke. Mar ik kom der net út en dan set ik troch sûnder omtinken, sis mar.’
Grienling gie op myn skouder sitten.
‘Wolsto deroer prate?’ frege er.
‘Ik sil in kollum meitsje, mar ik wit noch net wêroer.’
‘In kollum? Is dat net wat foar âlde prottelkonten?’
‘Fan alles haw ik by de ein hân. Ik tocht earst dat it wat aktueels wêze moast, mar ear’t ik wat op papier ha, leit der al wer in oare ramp oerhinne mei allegear oanspielde konteners.’
Hy stuts har snaffel omheech en sei:
‘Nim sa’n brexit, bliuwt aktueel.’
‘Ja, mar dan moat ik der ek noch wat fan fine.’
‘Gewoan alles ôfkreakje,’ sei it eigenwize finkje, ‘dan is it krekt as hast der doel oer. Boppedat, it negativisme is yn de moade. Sa hast samar it protte meistanners.’
‘Dat is in polityk dêr’t ik neat mei te krijen ha wol. Ik sykje gjin meistanners. It moat gewoan opfallend posityf wêze.’
Grienling hipte wat efterút. It like wol as skodholle er.
‘Kin neat wurde,’ sei er. ‘Kinst better wat nije strûkjes oanplantsje. Dat soe posityf wêze, mar dêr hoechst perfoarst net in kollum oer te meitsjen.’
‘Perfoarst’, tocht ik. Dat is in Frysk wurd dat nimmen mear brûkt en sjoch dan sa’n lyts eigenwiis fûgeltsje. Moai geef Frysk! Dat is hiel posityf!
Letter haw ik swier depressyf buorman syn wâl ek noch snoeid, want it fûgeltsje hipte noch wol om my hinne, mar sei neat mear.
Fansels net, wat kinst no ek fan in grienling ferwachtsje?

Jan Schokker fersoarget fan hjoed ôf ien kear yn ’e fjouwer wike de kollum fan de sneontejûn.
febrewaris 2, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.