It sil dochs wer heve!

febrewaris 5, 2019 09:13

Alvestedetocht-filmmaraton yn Tresoar

Freed 8 febrewaris wurdt der in Alvestêderekôr brutsen. Dy deis begjint de langste perioade sûnder Alvestêdetocht sûnt de earste offisjele tocht yn 1909. Tusken 18 jannewaris 1963 en 21 febrewaris 1985 lizze 8070 dagen. Dêr brekke we freed trochhinne. Foar it Frysk Filmargyf en Tresoar de oanlieding om freed 8 febrewaris in filmmaraton te hâlden: mear as fiif oeren filmbylden fan tachtich jier Alvestêdetocht (1917 oant en mei 1997) wurde fertoand yn de Histobios fan Tresoar. Men hoecht der net betiid foar fan bêd ôf. It earste startskot klinkt om 10.00 oere moarns en it twadde om 16.00 oere middeis. Minsken kinne frij yn- en útrinne by de fertoaning.

Coen de Koning, winner fan de tocht yn 1912 en 1917 (byld út de film fan Willy Mullens)

Unike kolleksje Alvestêdetochtfilms
It Frysk Filmargyf hat in rike kolleksje oan Alvestêdetochtfilms. It âldste filmmateriaal datearret fan 1917 en waard sketten yn Frjentsjer, Harns, Hylpen en Snits. De tochten dêrnei binne troch ferskate filmmakkers fêstlein en in grut part fan dy opnamen leit by it filmargyf. Ut dy skat hat Tresoar in kompilaasje fan mear as fiif oeren makke. It fertoant dy unike bylden kommende freed twa kear.

De sjoernaals fan Polygoon oer de Alvestêdetochten binne wrâldferneamd. Mar freed binne oare bylden te sjen. Foaral fan Fryske filmmakkers: hertstochtlike filmhobbyisten lykas de Snitser blommist Piet Wagter, de talintfolle filmmakkers Gerrit Aalfs en Bart Tromp, de leden fan it Fryske filmkollektyf De Kleare Kimen en fan Mindert Hepkema, oprjochter en jierrenlang foarsitter fan it Alvestêdebestjoer. It argyf fan de Keninklike Feriening De Fryske Alvestêden leit by Tresoar. Dêr sit prachtich histoarysk fotomateriaal yn. In lytse seleksje derút wurdt freed by de Histobios útstald.

By de Alvestêdetocht fan 1956 (byld: Tresoar)

Live kommentaar
In part fan de Alvestêdetochtfilms is sûnder lûd. By dy bylden wurdt freed live kommentaar jûn troch sporthistoarikus Jurryt van de Vooren, auteur fan it koartlyn ferskynde boek 8070 Dagen – Wachten op de Elfstedentocht. Van de Vooren sjocht in soad filmbylden ek foar de earste keer en jout der spontaan kommentaar by, yn gearwurking mei de seal.

Poeiermolke en snert
De filmmaraton sil yn Alvestêdesfearen wêze, fansels mei poeiermolke en snert. Elkenien is wolkom. De tagong is fergees. de tiden binne van 10.00 oant 15.15 oere en fan 16.00 oant 21.15 oere. De parkeargaraazje Aldehou is deunby.

febrewaris 5, 2019 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.