Groepsynterviews Waadhoeke oer húsfêsting arbeidsmigranten

febrewaris 16, 2019 07:21

De gemeente Waadhoeke sil yn de earste helte fan maart fiif groepsynterviews hâlde oer de húsfêsting fan arbeidsmigranten. Sa moat helderheid krigen wurde oangeande belangen, soargen en rânebetingsten fan de ûnderskate groepen.

De ynterviews binne taret mei de wurkgroep ‘húsfêsting arbeidsmigranten’. Se binne pland op:

  • 5 maart groepsynterview mei arbeidsmigranten
  • 5 maart groepsynterview mei wurkjouwers (ynkl. útstjoerburo’s)
  • 11 maart groepsynterview mei húsfêsters (korporaasjes, kommersjele ferhierders)
  • 19 maart groepsynterview mei oerheden (gemeenten, provinsje)
  • 19 maart groepsynterview mei bewenners (doarpen, wiken, keapers en hierders)

Wa’t oan sa’n ynterview meidwaan wol, kin him/har opjaan by c.puister@kaw.nl oant ien wike foartiid.

Earste wurkgroepgearkomste
Nei de algemiene gearkomste op 17 jannewaris (sjoch https://www.itnijs.frl/2019/01/wurkgroep-husfesting-arbeidsmigranten-yn-waadhoeke-meikoarten-oan-e-slach/) kaam de wurkgroep op 6 febrewaris gear ûnder lieding fan KAW. Dat wie in positive en konstruktive gearsit.

Ynsjoch yn sifers
De wurkgroep docht syn bêst om ynsjoch yn de sifers fan alle oanbelangjende faktoaren te krijen. Oan de gemeente is foarsteld om it ekspertisesintrum Flexwonen foar ûndersyk yn te hieren.

Wa’t nijsgjirrich is nei de ûntwikkelingen op it mêd fan de húsfêsting fan arbeidsmigranten yn Waadhoeke kin him oanmelde foar de digitale nijsbrief op info@waadhoeke.nl.

febrewaris 16, 2019 07:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.