GGD Fryslân ropt jongelju op foar ynjeksje

febrewaris 20, 2019 12:42

Yn opdracht fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport wurde 34.000 jongelju troch GGD Fryslân oproppen foar in faksinaasje tsjin meningokokken ACWY. De steatssekretaris achtet de lanlike kampanje needsaaklik omdat it tal ynfeksjes mei meningokokken type W slim tanimt. De meningokokkensykte is in slimme sykte mei in heech risiko om deroan te stjerren. Krekt by jongelju nimt it tal syktegefallen ta. As sy der tsjin yninte wurde, wurdt dêr yndirekt de hiele befolking mei beskerme.

Troch in ynfeksje mei meningokokken type W kin men harsenfluesûntstekking of bloedfergiftiging skypje. De sykteferskynsels wurde faak net op ’e tiid ûnderkend trochdat de pasjint him ferkâlden, hingerich of griperich fielt, mar se kinne bliuwende skea of sels de dea ta gefolch hawwe.

Mear ynformaasje is te finen op www.ggdfryslan.nl en www.deelditnietmetjevrienden.nl. Dêr binne ek ferhalen út de praktyk te lêzen.

febrewaris 20, 2019 12:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.